Nije bondel fan Sjoukje Veenstra

De Tynje

By útjouwerij Lecturium uitgeverij B.V. yn Zoetermeer is de nije bundel fan Sjoukje Veenstra ferskynd: Gjin sprút feroare.

De Frysktalige dichtbondel Gjin sprút feroare bestiet út 47 gedichten. De fersen geane ûnder oare oer boatbewenners dy’t belies jaan moasten tsjin buertgenoaten, saneamde freonen en ambtlike regels. Der steane ek gedichten yn oer de Fryske taal, de natuer, sterke famyljebannen en in lietsje oer in apart persoan. Froulje binne op dieet, moetsje elkoar en eamelje oer kwaaltsjes. It is in ôfwikseljende bondel en helder fan formulearring. De skriuwster har wize fan sjen nei moaie en treurige aspekten fan it libben sil mannichien oansprekke. It is in bondel dy’t djipgang en humor hat.

Skriuwersarke

Sjoukje Veenstra (Drachten 1961) debutearret mei dizze dichtbondel yn it Frysk. Se wurke der oan doe’t se foarrich jier in skoft útfanhûzje mocht yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde yn De Feanhoop.

Earder skreau se trije boeken: Alles voor de vooruitgang (dichtbondel, 2009), Rellebel (ferhalenbondel, 2013) en Weg ermee (dichtbondel, 2016). Mei Rellebel behelle se de longlist by in skriuwwedstryd. Se wie fierder grimeur fan de Fryske Kameleonfilm en wurke as ambtner op it gemeentehûs yn Beetstersweach en by Frigem Zuid-Oost yn De Gerdyk.