ZuidOostZorg stelt Fryske Depresjetest beskikber

DRACHTEN

ZuidOostZorg hat mei de Afûk de Earste Frysktalige Depresjetest beskikber steld fia de website www.taalvoordezorg.nl. De test is moandei presintearre, op Blue Monday.

NEDERLANDSTALIGE TEKST ONDERAAN DIT ARTIKEL Moandei wie it wer Blue Monday: de meast deprimearjende dei fan it jier. Goede foarnimmens binne op neat útrûn, fakânsjes binne noch fier fuort en de dagen binne griis en tsjuster. Wittenskiplik ûnderboud is it bestean fan Blue Monday net, mar foar ZuidOostZorg en de Afûk wie it wol it momint om no de earste Frysktalige depresjetest nei bûten te bringen. De ynternasjonaal brûkte Geriatric Depression Scale 8 (GDS 8) jout in earste yndikaasje oft der sprake is fan depresje of net. De test is spesifyk ûntwikkele foar de âlderein en bestiet út acht fragen dy’t troch de minsken sels ynfolle wurde kinne. De (hús)dokter kin oan de hân fan de útkomsten in earste yndikaasje foar depresje fêststelle en in ferfolchtrajekt bepale. De oersetting fan de GDS is fersoarge troch Hijlke Groen, wurksum by ZuidOostZorg en GGZ Fryslân, yn de mande mei de Afûk. Groen naam earder al it inisjatyf foar de oersetting fan de MMSE, de ynternasjonaal brûkte yndikaasjetest foar deminsje. Mei it oanbieden fan in Frysktalige fariant fan de besteande testen/helpmiddels kin temjitte kommen wurde oan it ferlet fan kliïnten om yn de eigen taal mei de dokter te praten. Ommers, kliïnten kinne har ornaris it bêste útdrukke yn de taal dy’t it tichtste by harren stiet. Frysktalige helpmiddels soargje derfoar dat ek de fragen yn it Frysk steld wurde en dat it petear net slûpendeweis oergiet nei it Nederlânsk. Benammen by in kwetsbere doelgroep is it brûken fan de eigen taal tige wichtich. De test is kin fan no ôf download wurde fan de website www.taalvoordezorg.nl. -------------- Nederlandse tekst: DRACHTEN - ZuidOostZorg heeft in samenwerking met de Afûk de eerste Friestalige Depresjetest beskchikbaar gesteld via de website www.taalvoordezorg.nl. De test is maandag gepresenteerd, op Blue Monday. Blue Monday is de meest deprimerende dag van het jaar. Goede voornemens zijn op niets uitgelopen, vakanties zijn nog ver weg en de dagen zijn grijs en donker. Wetenschappelijk onderbouwd is het bestaan van Blue Monday niet, maar voor ZuidOostZorg en Afûk is het wel het moment om de eerste Friestalige depressietest naar buiten te brengen. De internationaal gebruikte Geriatric Depression Scale 8 (GDS 8) geeft een eerste indicatie of er sprake is van depressie of niet. De test is specifiek ontwikkeld voor ouderen en bestaat uit acht vragen die door de mensen zelf ingevuld kunnen worden. De (huis)arts kan vervolgens aan de hand van de uitkomsten een eerste indicatie voor depressie vaststellen en een vervolgtraject bepalen. De vertaling van de GDS is gemaakt door Hijlke Groen, werkzaam bij ZuidOostZorg en GGZ Fryslân, in samenwerking met de Afûk. Groen nam eerder al het initiatief voor de vertaling van de MMSE, de internationaal gebruikte indicatietest voor dementie. Met het aanbieden van een Friestalige variant van de bestaande testen/hulpmiddelen kan tegemoet worden gekomen aan de behoefte van cliënten om in de eigen taal met de dokter te spreken. Immers, cliënten kunnen zich over het algemeen beter uitdrukken in de taal die het dichtst bij hen staat. Friestalige hulpmiddelen zorgen ervoor dat ook de vragen in het Fries gesteld worden en dat het gesprek niet gaandeweg overgaat in het Nederlands. Vooral bij een kwetsbare doelgroep is het gebruik van de eigen taal bijzonder belangrijk. De test is vanaf nu te downloaden van de website taalvoordezorg.nl.

Auteur

Fokke Wester