Tryater bringt kleuters in bombastyske natuertrip oer plastic

HALLUM

De nije Frysktalige kleuterfoarstelling fan Tryater falt by de bern yn ‘e smaak. Dat waard freed dúdlikby de premjêre fan it stik, makke troch regisseur Karlijn Kistemaker. Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje is in ferhaal mei in dúdlike boadskip.

Fuort by ynkomst meitsje de kleuters kennis mei de boskwachter, Frits Rits. Hy jout de bern in high-five en freget oft se wol oant tsien telle kinne. ,,Makje, ik kin wol oant tritich telle’’, seit ien fan de kleuters. Foar de bern dy’t it noch in bytsje spannend fine is it iis daliks brutsen. De bern meie troch in grut gat klimme en op de beamstammen sitten. ,,Sitte dy beamstammen lekker?’’ freget de boskwachter. ,,Fiel it bankje mar even mei de kont.’’ Hy docht it foar. De bern fine it prachtich. ,,Tinke jimme wol om de Dútske das? Doch de fuotten mar omheech.’’ En dat dogge se, fuortendaliks, want je witte mar noait. Oan de hân fan in knop wêr’t sommige bern op drukke meie, lit Frits dernei syn boskgelûden hearre. Earste bernefoarstelling Foar Lourens van den Akker (Frits Rits) is dit de earste bernefoarstelling dy’t hy spilet. ,,It is hearlik om foar bern te spyljen. Foaral dy ynteraksje. Bern ûntleedzje it stik daliks. Se kinne sa yn it ferhaal dûke en sitte der ek hielendal yn. As akteur moast dan wol skerp bliuwe en de bern ek net té folle romtejaan. Dan komt it net goed’’, seit de Oerterper. Bern binne earlik. As sus Rita (Marjolein Ley) it pûdsje net yn ‘e bak goaid hat, ferklappe se dat daliks oan de boskwachter. Oan ‘e oare kant warskôgje se har ek as de boskwachter der wer oan komt of as sy wat docht dat eins net mei. ,,It moaie fan bern is dat de foarstelling eltse kear wer oars is. By sommige stikjes wist dat se allegearre laitsje. Bygelyks as ik fal yn it begjin. Dat fine se prachtich.’’ I Lo LoLooove plastic Yn de foarstelling nimt boskwachter Frits Rits de Fryske kleuters mei nei de risselbosk. Frits wurdt hjoed ek noch assistearre troch syn kreaze suster Rita (Marjolein Ley). Broer en sus ferskille dei en nacht fan inoar. Hy hâldt fan de natuer en sy is gek op plastic (‘I lo lolooove plastic’). As har roze pûdsje de loft ynfljocht wolle se it beide pakke. Sy omdat se sa fan plastic hâldt en hy omdat in plastic pûdsje net yn ‘e natuer heart. ,,Plastic heart yn ‘e bak. Sa hat heit it ús leard.’’ Dan giet it pûdsje op reis. Se komme yn ‘e kunde mei al dy bjusterbaarlike (selsbetochte) bisten dy’t de natuer harren te bieden hat. De Sweedske snor wol gjin plastic oan ‘e poepert hawwe en de Frânske knakwjirm moat der fan spuie. It stikje oer hûnekeutels docht it fansels altyd goed by de bern. Ek it duel om it pûdsje tusken broer en sus falt yn ‘e smaak: sy mei in föhn, hy mei in blêdsûger. Ien jonkje op ‘e foarste rige stelt syn klasgenoatsje gerêst: ,,It is nep hear. Hoechst net bang te wêzen.’’ Boadskip It boadskip fan it ferhaal is simpel, mar dúdlik: Plastic heart net yn ‘e natuer. De natuer kin der neat mei. Bisten kinne it net opfrette. Ek foar Rita wurdt dat boadskip dúdlik as se ferstrikt rekket yn alle plastic pûdsjes dy’t minsken yn ‘e natuer smiten ha. ,,No snap ik wêrom't heit altyd sei: Plastic heart yn ‘e bak.’’ De foarstelling duorret in oere en dat is lang genôch foar kleuters. Frits nûget de kleuters út om ris nei in echt bosk te gean. Jaaaaaaaaa, dat wolle se wol. In moai boadskip foar de âlders: gean mei de bern nei it bosk! En as der dan plastic yn it bosk leit, tinke de bern fêst werom oan it boadskip fan boskwachter Frits: ,,Plastic heart yn ‘e bak.’’ Wêr te sjen? De foarstelling wurdt oant en mei heal april spile op basisskoallen, ûnder oare yn Hallum, en is trije kear foar elkenien te sjen: op 26 maart om 14:00 oere yn De Lawei yn Drachten, op 9 april om 15:15 oere yn De Harmonie yn Ljouwert en op 15 april om 15:00 oere yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean. In oere foar oanfang fan de iepenbiere foarstellingen kinne kleuters fan in meinommen plastic fleske sels in 3D-print meitsje op De Slimme Trapper, in recyclebakfyts fan Bibliotheekservice Fryslân, en in stoffen rêchpûdsje kleurje. Tekst Klasina van der Werf - Foto Knelis

Auteur

jkommerie