Rjucht en Sljucht de Tynje spilet Boeing Boeing

Tynje - Rjucht en Sljucht de Tynje spilet 15 en 16 maart Boeing Boeing.

Frijfeint Paul, in suksesfolle architekt dy’t in appartemint yn Amsterdam bewennet, hat kontakten op Schiphol mei de tsjinstroaster-ôfdieling fan it fleanfjild. Boppedat hat er in relaasje mei trije stewardessen. It hjit dat er mei elk fan harren trouwe sil mar dat is fansels sa net. Mei help fan de faam Corry hat net ien yn de gaten dat se bedondere wurde.

Yn it stik komt syn freon Bob de Vries by him op besite en dy heart nuver op as Paul him fertelt fan syn yntime relaasjes mei trije froulju. Bob fernuveret him der oer dat it noait in kear misrint en de iene fan de oare weet kriget. Mar Paul seit dat it net misrinne kin, want by feroaringen yn ’e tsjinstregeling wurdt er warskôge troch syn kunde op it fleanfjild.

Dat, it liket Bob dan ek net iens sa gek ta.

Lit it no krekt as Bob dêr útfanhûzet folslein yn ’t hûndert rinne. Claire, de Frânske stewardess, skillet dat se komt, as Shirly, de Amerikaanske, noch net fuort is.

En as se dat probleem mei alle keunstgrepen lykje oplost te hawwen, dan komt Helga, dy’t by in Dútske maatskippij arbeidet, ek noch fanwegen. Mei har trijen, Paul, Bob en Corry de faam, besykje se it wetter bûten de klompen te kearen.

It seit himsels dat ien en oar de gekste sitewaasjes mei him meibringt.

Tymo Reinsma, Renko Hof, Marlanka Zuur, Berber van der Veer, Marit Reinsma en Corina van Houten. Ynstekster Janke Tiekstra en rezjy fan Rinze Hof

Sjoch it allegearre 15 en 16 maart yn seal Overwijk op 'e Tynje.

Tagongskaarten

Wolle jo wis wêze fan tagongskaarten bestel dan op tiid op emailadres info@rjuchtensljucht.nl ûnder it neamen fan Tagongskaarten maart 2019. Ferjit net jo namme oan te jaan en om hoefolle tagongskaarten en hokker jûn it giet.