Hindrik van der Meer nimt ôfskie

Drachten - Hindrik van der Meer nimt 17 maart ôfskie fan Drachten yn de moarnstsjinst om 11.00 oere yn de Grote Kerk.

Sûnt 1965 is Hindrik van der Meer al dwaande mei de Fryske taal en nije Fryske lieten. Wa kin net de bernelietsjes Hup sûpen groattenbrij en De bistenboel fan omke Roel. Van der Meer makke de fleuriche musyk. Letter sette hij 15 jier lang ek literaire busreizen op priemmen, tegearre mei syn frou Beitske.

Soe der, sa tocht Van der Meer (1938), yn Fryslân net in soarte fan briedplak komme kinne foar nij en ynspirearjend frysktaliche teksten en dy bekind te meitsjen? Van der Meer die in oprop oan sjongers om in fêst koar te foarmjen dat ek yn lytsere groepkes meiwurkje koe oan Frysktalige tsjerketsjinsten. Yn 2006 is it koar oprjochte mei it doel om de gemeenten oan it sjongen te krijen, en dat sil tige te merken wêze.

Van der Meer sette fierders ek nog útein mei de musicals Joazef masterdreamer, Jona en Ruth, mar ek lieten fan oare tekstdichters en komponisten waarden yntrodusearre. Mei syn studinten fan de PABO yn Snits, hat Van der Meer de earste musicals mei in protte sukses, op ‘e planken brocht. Letter kamen ek nije liturgiebondels lykas De keunst fan it libben, Minsken fan’e dei en Fakkeldragers yn ‘e wyn.

Hindrik van der Meer (1938) nimt ôfskie en it bestjoer stelde him foar noch in soarte fan ôfskiedstoernee te meitsjen nei al dy tsjerken dy’t de ôfrûne jierren besite hân ha fan Hindrik en syn Kwartettekoar. De ôfskietsjinst(en) is tagelyk in appel oan tsjerklik Fryslân om de rykdom fan meartaligens te fieren op de sneintemoarn. Der sit in liturgyske opbou yn de sjongtsjinsten, mar de preek sit yn de lieten.

Yn Drachten sjongt it Kwartettekoar sneintemoarn út de nije lietenbondel Hertslach.

„Yn Hertslach sit de jubel fan it libben yn, mar ek de oantrún om it fol te hâlden”, sa skriuwt Eppie Dam. Hij is ien fan de Fryske dichters dy meiwurke hat oan de bondel. Mei in fèst tema komt it koar mei in grutte rige fan lieten fan net allinne dichters as Eppie Dam en Fedde Schurer, mar wurde ek lieten songen fan Gerben van der Veen en Jan de Jong.

As d’r in methode socht wurd om literatuer, musyk, keunst en kultuer bij de minsken te bringen, dan is dat de methode Hindrik. Sa beskriuwt Gerben Gerbrandy as âld foarsitter fan it Auke Roukes kroechkoar, Hindrik syn rol bij dit koar. Lit dyn eigen taal net swije, eltse taal kin sprekken lije, is it motto fan Hindrik.