Audysje foar iepenloftsproduksje Animal Farm

Lippenhuzen - Woansdei 11 septimber sil de premjêre plakfine fan Animal Farm, skreaun troch George Orwell. De Fryske oersetting is fan Jehannes Ytsma. Dêrnei sil it stik noch acht kear spile wurde. It bestjoer is yn oerlis mei Sparjebird op é Himrik om dêr wer op it fertroude plak spylje te kinnen.

De rezjy is yn hannen fan Eline de Vries, bekend fan teaterselskip Tryater. Se hat de oplieding ta Teaterdosint dien. Underwilens wie Eline al aktyf by Tryater-jong. Fanôf doe hat se meispile yn Elkenien is in prutser. Ferskate taken as assistint-regisseur by Tryater steane op har namme. Dizze maaitiid spilet Eline tegearre mei Sjoerd Blom yn de beukerproduksje Rûntsje Hûntsje, dy ‘t rûnom yn Fryslân op basisskoallen opfierd wurde sil. Kommend winterskoft, om de Kryst hinne, spilet se mei yn in famyljefoarstelling yn skouboarch De Harmonie te Ljouwert.

Animal Farm giet oer in revoluusje op in buorkerij. De bisten nimme it heft yn hannen. De minsken wurde fuortjage en de bargen nimme stadichoan it heft yn hannen. De wichtichste útspraak wurdt ‘Alle bisten binne gelyk!’

Der wurdt hurd wurke en elkenien is bliid om eigen baas te wêzen. De twa bargen Napoleon en Sniebal krije rûzje mei elkoar oer de macht. It libben op de buorkerij wurdt stadichoan beswierliker. Mei help fan in keppel hûnen driuwt Napoleon syn sin troch en soarget foar in maklik libben foar himsels. Nei syn útspraak ‘Alle bisten binne gelyk, mar guon bisten binne mear gelyk as oaren’ freegje de oare bisten (skiep, hinnen, kij, hynders) harren ôf of harren libben no werklik better wurden is. Animal Farm giet oer de gefolgen fan macht

It wurdt in famyljefoarstelling, mei sang, muzyk en dûns.

Iepenloft Opsterlân siket spilers en sjongakteurs foar de famyljefoarstelling Animal Farm, bargebiten

Audysje

Wannear? : saterdei 16 maart

Wêr?: MFA De Mande, Buorsterwyk 34 te Lippenhuzen

Hoe let?

9.30 spilers fanôf 16 jier

12.00 bern o/m 15 jier

Der wurdt ek songen yn de foarstelling, dus kin Iepenloft Opsterlân sjongakteurs brûke.

Der binne in soad rollen. Foar fragen kinne minsken altiten maile of belje mei de produksjelieder.

Bestjoer Stichting Iepenloft Opsterlân: Anna Bouma,Sietse de Boer, Minke Kerszemaker, Fokke Kooistra, Hielke Reitsma, Jan Smit, Jelle Terwal en Nynke Veenstra.

Kontakt: produksjelieder Jelle Terwal, 06-30493981, terwal.nicolai@telfort.nl