Toanielselskip de Rottefalle spilet Gouden Hantsjes

Rottevalle - It toanielselskip De Rottefalle spilet freed 8 en 15 maart de tragikomeedzje Gouden Hantsjes fan Haye van der Heyden yn in Fryske oersetting fan Baukje Stavinga yn it doarpshûs it Werflân, beide jûnen om acht oere.

It is mei Dirk Stoelwinder, Welmoed Ybema, Rennie van Kammen, Froukje Roorda, Hennie Meppelink en Marco J. Westerhof. Kaarten binne der yn ‘e foarferkeap en oan ‘e seal te krijen.

It toanielstik giet oer Louis, in rike pensjonearre sakeman mei in noas foar froulju. Troch de froulju is Louis sa ryk wurden. Dan komt er ûnferwacht allinne te stean as syn folle jongere frou Emma - wêr't er hiel gelokkich mei is - ynienen stjert. Oan har stjerbêd moat er Emma belove dat er nei har dea wer gelokkich wurdt. It blykt in belofte, dêr't er net ûnder út komme kin en dêr’t 3 froulju in wichtige rol yn spylje. De dames dogge harren uterste bêst om him te treasten: in rike man allinne litst fansels net samar rinne.