Toanielferiening Nij Libben spilet De Susters Bloem Op Fakânsje

Frieschepalen - Toanielferiening Nij Libben spilet freed 22 febrewaris 2019 om 20.00 oere en sneon 23 febrewaris 2019 om 20.00 oere yn doarpshûs de Dobber yn Fryskepeallen De Susters Bloem Op Fakânsje. Op sneon is der nei ôfrin dûnsjen mei Blowing Away.

In kluchtig blijspul fan Rien Bakker oersetten troch Griet Reitsma-de Jong.

De net-ienaaiïge twilling, Alie en Bertha Bloem, geane op fakânsje nei it Woold, yn é buert fan Winterswyk. Se wolle op in goedkeape manier fan in rêstige fakânsje genietsje. Al gau docht bliken dat yn it hûs dêr’t se sitte ek in relaasjebemiddelingsburo sit. It is mei harren rêst dan ek gau dien. De iene kwibus nei de oare komt oansetten om in partner te sykjen. As der troch in misbegryp ek noch keamers ferhierd wurde, is foar de susters hielendal de hikke fan ‘e daam.

In leuk stik dêr’t de komyske sitewaasjes elkoar yn heech tempo opfolgje.

Kaarten: € 10,00

Stipers fergees

Kaarten foarferkeap € 8,00

Video 88 Ureterp

Freke Boonstra 0617459313

Annie van Veen 0633134335

Wolter Stoker 0620857053