Kliuwend Omheech spilet Gewoan te gek

Nij Beets - Toanielferiening Kliuwend Omheech spilet 23 febrewaris en 2 maart it stik Gewoan te gek.

De rezjy is ek dit jier wer yn hannen fan Henk Roskammer.

Fjouwer eks-psychiatryske pasjinten wenje yn de Huize van Speykstraat. Mei help fan harren sosjoterapeute moatte dizze minsken, by wize fan projekt dat troch de gemeente subsidieert wurd, harren plakje wer yn de ‘normale’ maatskippij fine.

De wethâlder dy’t ferantwurdlik is foar dit projekt hat noch wol wat ambysjes en sjocht yn Huize van Speykstraat as asylsikerssintrum mear polityke kânsen. Mar dat kinne de noch net alhiel better ferklearre bewenners net samar oer harren kant gean litte. Mei help fan de oe sa ‘normale’ bourlju, litte sy de wethâlder en harren sosjoterapeut op harren eigen gekke wize sjen dat sy skoan de eigen beantsjes dopje kinne.

Gewoan te Gek! is in komysk blijspul yn trije bedriuwen, skreaun troch Ton Davids en oerset troch Janny van der Veen.

Kaartferkeap: in mailtsje nei kliuwendomheech@gmail.com