Falentyn yn de Wite Tsjerke Hemrik

Hemrik - Yn de Wite Tsjerke is tongersdei 14 febrewaris om 20 oere de dei fan Falentyn.

In hiele jûn in programma oer de leafde. D’r binne minsken út’e Himrik, út Lippenhúzen, Beetstersweach, Jorwert, Feanwâlden frege om wat te dwaan mei it thema de leafde. Der sil tongersdeijûn dus fan alles te hearren wêze, jim moatte tinke oan in moai fers, in gedicht, in ferhaal, in toanielstikje, in anekdoate.

Der komt fanalles foarby. De measte stikjes binne net hiel lang, dus wurdt it in tige ôfwikseljende jûn. Der sil ek tiid wêze foar in tapaslik hapke en in drankje, der wurdt alle war dien om der in genoeglike jûn fan te meitsjen.

It wurdt in Fryske jûn, fandêr ek de fraach fanút de organisaasje om allegear op de ien of oare menier sjen te litten dat jim it Frysk tagedien binne.

www.wittekerkhemrik.nl.