Op Nij Foriene spilet Firma List en Bedroch

Ureterp - Op Nij Foriene spilet Firma List en Bedroch yn MFC de Wier yn Oerterp.

By de bruorren Willem en Tinus Klep stiet alles sa’n bytsje yn it teken fan auto’s. Sa hat Willem al jierren in wat tsjustere autosloperij en Tinus hâldt him ek mei fan alles dwaande wat it deiljocht eins net ferdrage kin. No hat der wer in handeltsje opsetten yn âlde auto’s, mar ja om âlde auto’s oan de man te bringen slagget fuort net. Dêrom hat der ien fan it útstjoerburo komme litten en wat foar ien. Dizze hat it buskrûd net útfûn, lit stean dat er ferstân hat fan auto’s. Op it mêd fan auto’s hoege jo de bruorren neat te learen mar froulju binne hiele oare apparaten. Nim no de beide buorfroulju, beiden de simpele kant it neist. Hoe hâlde jo sokken mei in bytsje fatsoen bûten de doar?

It is in kluchtich blijspul yn twa bedriuwen skreaun troch Tjalke Stoelwinder.

De ûtfierings binne yn MFC de Wier yn Oerterp op:

Tongersdei 7 febrewaris om 14:00 oere

Freed 8 febrewaris om 20:00 oere

Sneon 9 febrewaris om 20:00 oere

Foar ynformaasje en foarferkeap: 0625211297 of mail: ONFoerterp@ziggo.nl