125 jierich jubileum Toanielferiening Mei Inoar Ien

Drachtster Kompenije - Toanielferiening Mei Inoar Ien bestiet dit jier 125 jier. Freed 25 jannewaris is de resepsje yn kafee Aans oan de Aldewei yn Drachtster Kompenije. Fan 19.00 oere ôf stiet der in bakje kofje klear en is der gelegenheid om by te praten. Om 19.30 oere nimme wy jimme, op in wol hiel spesjale wize, mei yn it argyf fan ús toanielferiening.

Toanielferiening Mei Inoar Ien spilet 2 en 9 febrewaris it premiêre stik Lige as in wachter, skreaun troch Bernd Gombold en oerset troch Gurbe Dijkstra.

It stik spylet him ôf yn in lyts plattelâns stedsje wer't in boargemaster it eltsenien nei de sin meitsje moat, mar dat falt net ta, in brutale boade, syn sekretaresse, in licht leauwige winkelfrou, ymport bewenners, gjin mar troch, sy meitsje it him ôfgryslik swier.

Regisseur Gauke van der Mei hat de regie yn hannen, en hat wer allegear moaie typkes der fan makke, dus jimme kinne jimme de bûsen útskourre.

De kaarten binne fanôf 15 jannewaris te krijen by Gauke & Annie vd Mei, Tsjerkebuorren 7, Dr. Compagnie 0512-341729.

Beide jûnen begjint it stik om 20.00 oere yn seal Aans oan de Alde Wei yn Drachtster Kompenije. Beide jûnen is der dûnsjen nei mei in moai stikje musyk.