Toneelvereniging Nut en Genoegen in dorpshuis Langezwaag

Langezwaag - Toanielselskip Nut en Genoegen spilet sneon 26 jannewaris (20.00 oere), snein 27 jannewaris (14.00 oere) en sneon 2 febrewaris it stik Boerebûnt en Reade Lampen yn doarpshûs it Paradyske.

Yn it stik fan Carl Slotboom spilje Dolly en Betty, twa âldere prostituees, in keamer hiere om klanten te ûntfangen. Hindrik, in naïve boeresoan, op ' e flecht foar syn faam en har oansteande skoanmem, komt by harren te lâne. Hy tinkt dat it giet om in fysio-praktijk ... Ien en oar rint dochs wat oars as it doel wie. In hilaryske klucht.

Reservearje kin fia nutlangezwaag@gmail.com. Tagong: 8 euro; stipers fergees.