Kampioenskip Ielrikjen Sumar

Sumar In strakke blaue loft, sintsje derby, ideale waarsomstannichheden foar it ielrikjen yn Sumar. 16 dielnimmers striden om de felbegearde titel bêste Ielrikker Sumar 2018.

De pleatslike rikkers hawwe harren kânsen ynskatten en wolle net foar mekoar ûnder dwaan. It rikjen is in betûft handichheidsje, de ien hat in kant en kleare rikkerkast, de oar in selsmakke. In âlderwetske tonne mei dêrop in jutesek foldocht ek noch. Materiaal is wichtich, mar it komt ek op oan erfaring, gefoel en kunde, krekt op it júste momint in houtsje derby, de iel net te sâlt, wiet en soksawat.

Om 12 oere gie de ferkeap los, net ien fan de rikkers is mei de iel sitten bleaun, dus wat dat oanbelanget is de publykspriis foar allegear. De sjuery, besteande út Hyltsje Smedes, Bertus De Jong en Simon Haveman, hie troch ynbring fan hege kwaliteit in dreech putsje. Karpunten foar kleur, iepen snije, skjin, gear en smaak wurden ferdield en dat smiet ta folle tefredenens fan eltsenien de winners op.

1. Niels Terpstra Wânswerd 156 punten

2. Jan en Haye Kampen Sumar/Garyp 147 punten

3. Dikkie de Haan De Triemen 146 punten

De jonge rikkers Jelte van der Kuur en Bowe Boonstra eindigen mei 118 punten op in fiifde plak, in poerbêste prestaasje.