‘Doarpsorganist’ Wietse Veenstra speelt al 70 jaar in de kerk

Harkema - Als jongetje van twaalf speelde Wietse Veenstra voor het eerst op het orgel in de kerkdienst in zijn geboortedorp Siegerswoude. ,,Se seinen: do moatst fan’e moarn spylje, de fêste organist hat keallerij.’’

Nu, zeventig jaar later, begeleidt hij nog elke zondag de gemeentezang in de PKN-kerk van Harkema. Toch herinnert Veenstra zich die eerste keer nog als de dag van gisteren. ,,Ik siet dêr mei it swit yn’e hannen’’, vertelt hij lachend. Uiteraard kon hij al spelen. Hij kreeg als jongetje van acht al orgelles en zat zondags in de kerk vaak bij de organist, om te luisteren en te kijken. ,,En by it útgean fan de tsjerke mocht ik wolris spylje. Ik hie les fan Germ Hofma, dy wie dirigint fan meardere koaren en foar de repetysje fan it Evangelisaasjekoar joech er alle wiken oargelles oan trije bern. Myn âldste suster hie ek les en dy siet my altyd hiel bot achter de broek.’’

Oare tiid

Op zijn vijftiende werd Wietse Veenstra de vaste organist van de kerk en toen hij op zijn achttiende naar de Kweekschool in Drachten ging, gaf hij zelf ook orgellessen. ,,Sneintemiddeis nei tsjerke gienen wy mei in oantal jongerein yn tsjerke om meiïnoar by it oargel te sjongen. Ja, it wie in oare tiid as no.’’

Met de akte voor onderwijzer op zak werd hij in 1961 gevraagd om in Harkema schoolmeester te worden op de Hervormde school, ‘uitgaande van de Hervormde Gemeente Harkema’ zoals de titel voluit luidde. Hij werd er meteen ook kerkorganist. ,,De tsjerke wie myn baas, no? Ik ha trouwens myn hiele libben noait ien kear sollisiteard. Ik siet noch yn tsjinst, mar koe derút omt sy my noadich hienen. Ik moast noch al in proefles jaan, mar ik ha noait in brief skreaun. Fjouwer jier letter gie it haad fuort en waard ik frege om syn funksje oer te nimmen. It siet eins net yn’e planning, want ik wie noch mar 28.’’

Veenstra bleef tot de definitieve fusie in 1995. ,,De beide kristlike skoallen wienen yn 1987 al fuseard ta basisskoalle, mar yn ‘95 waard it echt ien en doe koe der in direkteur fuort. As âldste, ek al wie ik noch mar 58, haw ik doe plakmakke. En dêr haw ik noait spyt fan hân.’’

Beamer

In Harkema begeleidde Veenstra de kerkdiensten heel lang twee keer per zondag, maar de laatste jaren is er nog maar een dienst. In zijn vakantie wordt een vervanger gezocht, maar dat valt tegenwoordig tegen. ,,De lêste kear koenen se ek net ien fine en doe ha se de muzyk fia de beamer spile. Sjochst it yn mear tsjerken, mar sels bin ik dêr net wyld fan. In organist kin syn tempo noch oanpasse oan it sjongen, mar by de beamer ha de minsken mar te folgjen. It is krekt de keunst om de minsken mei te krijen. Joust earst it tempo oan en dan moatst se meilûke. Dat docht in beamer net.’’

Veel opvolgers staan er ook niet te wachten. Vroeger hoorde het er een beetje bij, maar wie nu kiest voor het orgel is vaak zo goed dat hij of zij doorstroomt naar het conservatorium. ,,Ik bin mar in gewoane doarpsorganist, ik ha noait de ambysje hân om konserten te jaan. Dêr freegje se ek net om yn De Harkema. Nee, ik hoech net sa noadich hearre te litten hoe goed ik bin, dat doch ik alle sneinen al, haha. Ik belibje der noch altyd in protte plesier oan en ik helje der enerzjy út as it slagget en lit de gemeente in ûnbekind liet goed sjonge.’’

Favorieten

Onbekende liederen zijn er nog genoeg, weet de musicus. ,,Yn it nije Lieteboek steane sa’n tûzen ferkes, mar in pearhûndert dêrfan wurde eins noait songen. Elke dominee hat ek syn eigen favorieten. Guon lieten binne ek wol dreech. Myn moaiste? Dat is psalm 150. En ek psalm 84 mei ik graach spylje. Sels sjong ik noait mei as ik spylje, want ik moat lústerje nei de gemeente. As ik in kear net hoech te spyljen, yn’e fakânsje of sa, dan ferfeel ik my suver, want dan haw ik neat te dwaan. As organist hear ik de preek meast wol, mar fierder giet it wolris wat by my del.’’

Veenstra oefent thuis nog alle dagen en voor een dienst speelt hij minstens drie kwartier op het orgel. Vroeger werd op zaterdagavond doorgebeld welke liederen gezongen moesten worden, maar nu er geen eigen predikant meer is hoort hij het vaak al op woensdag. ,,Myn grutste angst is dat de fingers stiif wurde, mar troch se alle dagen te trainen hâld ik se ek moai soepel. Ik kin genietsje fan de massale klank, mar ek fan de stille stikjes. Nee, piano kin ik net spylje, wol de basisdingen, mar dat is in hiel oar ynstrumint.’’

Camping

In de PKN-kerk van Harkema staat een elektronisch Allenorgel. ,,In moai ynstrumint, it benadert it piipoargel. It spyljen foar de tsjinst is ek goed om der eefkes yn te kommen, om de konsintraasje te krijen. Mei it âlder wurden giet dat dochs dreger. Froeger koe ik der sa foar. Ik ha wolris by in tsjinst op in camping ynfalle moatten, dan giest sa sitten.’’ Toen hij nog aan school stond liet Veenstra met kerkelijke feestdagen als Kerst of Pasen vaak zijn klas optreden in de kerk, tegenwoordig begeleidt hij het eigen gelegenheidskoor van de kerk in de Paas- en Adventsdiensten. Ook speelt hij in bijzondere diensten, zoals begrafenissen en trouweijen.

Voorzitter Willem Feenstra van de kerkenraad PKN Harkema huldigde de jubilerende organist zondag in de dienst. ,,Ik wist wol dat it ûngefear sa fier wie, mar ik hie fantefoaren net yn’e gaten dat se der oandacht oan jaan soenen. Earder haw ik alris in oarkonde krigen en in spjelde mei in briljant der yn. No krige ik in moai bosk blommen en in sok mei ynhâld. En dêr wie ik hiel bliid mei, want it tekent wol de wurdearring. Ik ha der sels alle sneinen noch plesier yn, dus wat my oangiet kin ik noch wol eefkes troch.’’

Tekst Fokke Wester