‘Houtigehage kan Gean of Bliuwe in 2069 opnieuw spelen’

HOUTIGEHAGE - ‘Dit moat wer!’ Dat was de boodschap toen de spelers twee jaar geleden na de laatste voorstelling van iepenloftspul De Omkearde Staking het applaus in ontvangst namen.

De meesten stonden er met tranen in de ogen, zegt Marten Wijnstra, voorzitter van de Vrienden van de Wâldhúskes en als bestuurslid van de Wurkgroep Iepenloftspul Houtigehage mede-verantwoordelijk voor de PR. ,,Dat wy no foar de twadde kear in stik spylje, dat komt echt by de spilers wei. Twa kear earder wie it ús net slagge, yn 2017 wol omdat it sa moai paste yn it thema Roerige Tiden Yn Smellingerlân fan it kulturele jier fan de gemeente. Yn jannewaris fan dat jier kaam de groep foar it earst by inoar. De measten koenen inoar net, mar stadichoan waard it in hiele homogene groep.’’

Traditie

Na afloop van de serie uitvoeringen spraken de spelers er over met schrijver/regisseur Wimpy de Vries en de organisatie. Toen later ook de gemeente de Houtigehaagsters benaderde met de vraag of er niet een traditie van gemaakt kon worden, was het pleit snel beslecht. Maar er was wel een voorwaarde. Of eigenlijk drie. De belangrijkste van de Wurkgroep: It Wâldhûske aan de Skoallewyk 10 moest opnieuw centraal staan.

Skoallewyk 10 is hèt Rijksmonument van Houtigehage. Met dat huisje begon namelijk in deze streek de sociale woningbouw, die een eind maakte aan de mensonterende woonomstandigheden waaronder de arme bevolking te lijden had in bijvoorbeeld de spitketen. De tweede voorwaarde was dat de hele onderneming low-budget moest blijven, zonder grote decors of dure attributen en kostuums, zodat ook de toegangskaartjes redelijk geprijsd konden blijven, namelijk € 11,50 inclusief koffie of thee. En de derde voorwaarde was dat het verhaal bij de streek en de locatie moest passen.

Gjin Shakespeare

,,Wy wolle graach it hûske sintraal stelle, dan past hjir yn’e foartún gjin Shakespeare,’’ vat Marten Wijnstra samen. ,,It giet ús net om it winnen fan Gurbes of oare prizen mei in hiel modern stik, it giet ús om de saamhoarigheid. Dat is miskien hiel âlderwetsk, mar dat is wol wat de minsken herkenne. It ropt oantinkens op by de minsken. Ik ha de foarrige kear telefoantsjes hân, dêr krijst de triennen fan yn’e eagen. It rekket de minsken.’’

Uit de historie van de streek rond Houtigehage is genoeg stof te halen voor een nieuw iepenloftspul, bewijst Wimpy de Vries. Stond de eerste keer het concrete voorval van de omgekeerde staking centraal, waarbij Houtigehaagster werklozen op eigen houtje wegen in de omgeving aanpakten en opknapten, dit keer is gekozen voor een algemener verhaal. Gean of Bliuwe schetst een beeld van de problemen waar mensen uit de Wâlden ruim een eeuw geleden tegen aanliepen. Massale werkloosheid, weinig eten en de miserabele woonomstandigheden bepaalden voor velen het dagelijks leven, dat vooral een strijd was om het hoofd boven water te houden. Het verhaal gaat ook over hoe met name de overheid, kerken en boeren omgingen met de bevolking.

Gelokssikers

De voorstelling legt ook een duidelijke link naar het heden, met zijn oorlogen, vluchtelingen, armoede, honger, uitbuiting en de arrogantie van de macht. ,,Dan ha se it tsjintwurdich by dy boaten fol flechtlingen oer gelokssikers, mar dat kinst ek sizze fan de minsken dy’t hjir oait weigien binne omdat se mienden dat se it oan de oare kant fan de wrâld better krije koenen.’’

,,Yn dy tiid hie de feanbaas it hjir foar it sizzen en de tsjerke sirkele dêr omhinne, mar tsjintwurdich binne it Shell en Unilever dy’t de macht ha. It stie lêstendeis noch yn’e krante, dat Shell hjir yn Nederlân net iens belêsting hoecht te beteljen. Safolle is der yn dy hûndert jier dus net feroare. Dat is ek it boadskip: pas op, it bart noch altyd. En dat ferskil bliuwt ek bestean. Oer fyftich jier kinst dit stik sa wer opfiere.’’

Paraplu

Het gevoel van achtergesteld zijn heeft lang geleefd in Houtigehage. Op zijn achttiende kwam Marten Wijnstra als geboren en getogen Drachtster naar het dorp voor zijn grote liefde. Hij merkte dat er vaak nog fel tegen het grote buurdorp werd aangetrapt. ,,Se setten altyd de paraplu op as in soart ôfwear. Doe’t ik foarsitter waard fan Pleatslik Belang haw ik sein dat se dy paraplu omkeare moasten. As it yn Drachten reint, dan dript it hjir. Fang it op en profitearje der fan as it Drachten goed giet.’’

Wijnstra voelt zich inmiddels op en top Houtigehaagster. ,,Behalve as ik wat ferkeard doch, dan bin ik fuort wer dy Drachtster’’, zegt hij lachend. Hij staat niet zelf op de planken, maar zorgt er op de achtergrond mede voor dat alles door kan gaan. ,,Ik doch myn bêst om minsken enthousiast te hâlden en te soargjen dat alles draaien bliuwt. Wimpy, Jan van der Heide en Rinze Dijkstra binne de mannen dy’t soargje dat it op toaniel allegear goed komt, mar meiïnoar rinne der wol 45 minsken omhinne om oeral mei te rêden. Dy komme út de Houtigehage en de omlizzende doarpen, it echte mienskipsgefoel libbet hjir noch.’’

Fryske Dei

Dankzij de grote inzet uit het dorp en omgeving kan Houtigehage nu aan de wens van de gemeente voldoen en staat er voortaan om de twee jaar een nieuw iepenloftspul op het programma. Omdat dat wel een heel grote belasting is, vervalt in die jaren de Fryske Dei op het terrein rond Skoallewyk 10. ,,No is it noch te dwaan, ek de sponsors melde har spontaan oan. Wy krije ek in soad help yn natura. Sa docht uitvaartvereniging De Laatste Eer foar ús de programmaboekjes en lient in bedriuw út Drachten ús twintich bouhekken.’’

Gean of Bliuwe is niet meer zo’n beladen thema als in de vorige eeuw, toen mensen de armoede wilden ontvluchten. Toch verdwijnt ook nu een deel van de jeugd uit het dorp om elders een goede baan te vinden. Daar tegenover staan veel ouderen die na hun werkzame leven terugkeren naar ‘in hûske yn de Wâlden’.

,,En dan krijst it bekende gemopper dat it hjir net mear sa is as froeger. Mar ast hjir no yn de omkriten sjochst, dan is it prachtich. Dat lânskip is ûntstien út de earmoede, want dy fearten en wiken binne groeven foar de feanterije. Mar dat levert no in streek op dy’t allegear kânsen hat op it gebiet fan toerisme en rekreaasje. Sa jout de froegere achterstân fan dizze regio ús no in foarsprong en mear mooglikheden.’’

Kreatyf

En ook het leven van alledag is nu anders dan vroeger. Zo kan niemand meer zomaar een boom omzagen. ,,Yn Houtigehage koe dat noch hiel lang wol. Want wy wienen hjir ommers yn Houtigehage, wy hienen net in fergunning noadich, want wy hienen hjir ús eigen regeltsjes. Sels hâld ik dêr wol fan, kreatyf wêze, dêrom bin ik hjir ek hingjen bleaun.’’

,,Lêsten kaam de nije boargemaster hjir yn it doarp en hy seach ek eefkes by de repetysje. Hy frege hoe’t it gie mei it doarp en de gemeente. Ik haw him ferteld dat wy hjir noch noait sa’n goeie relaasje mei de gemeente hân ha as no. Wy ha werklik net te kleien oer de oandacht en help fanút Drachten.’’

De voorstellingen bij het Wâldhûske aan Skoallewyk 10 vinden plaats op:

Vrijdag 14 juni (20.30 uur, première)

zaterdag 15 juni (20.30)

zondag 16 juni (15.00)

vrijdag 21 juni (20.30)

zaterdag 22 juni (20.30)

zondag 23 juni (15.00 uur).

Afgelaste voorstellingen worden ingehaald op de reservedata, de beide zaterdagen om 15.00 uur.

www.iepenloftspulhoutigehage.nl

Tekst: Fokke Wester