Ferhalemiddei en (húskeamer)foarstellingen Doarp Europa fan Tryater

Eastermar/Burgum/De Gordyk

Wa bin ik en wêr fiel ik my thús? Wêr’t wy wenje en wurkje bepaalt foar in grut part ús identiteit. Dêrom spilet Tryater de foarstelling Doarp Europa yn húskeamers en by bedriuwen, en wurde der ekstra aktiviteiten organisearre om troch te praten oer it tema.

Yn Doarp Europa sjogge we in doarp, oan ‘e rivier, op ‘e flakte of oan ‘e foet fan in berch. Wikseljende settingen mei deselde archetypen, minsken dy’t harren op in bepaalde wize ta mekoar ferhâlde. Elk fan de spilers nimt it publyk mei yn in eigen perspektyf fan syn of har syktocht nei it thúsgefoel, mei ferskillende talen fan Europa en fan teater. It konsept en de regy foar Doarp Europa binne fan Ira Judkovskaja. Eelco Venema skreau in grut part fan de teksten. Peter Sijbenga die de dramaturgy. De cast bestiet út Sjoerd Blom, Aly Bruinsma, Beppe Costa, Romke Gabe Draaijer, Klaus Jürgens, Marjolein Ley, Eva Meijering, Brecht Wassenaar en Sonia Zwolska. De muzyk is fan Beppe Costa.

Boekehal

Op snein 11 novimber hawwe Aly Bruinsma, Sjoerd Blom en Sonia Zwolska de húskeamerferzje fan Doarp Europa spile by Gitta Ligthart yn Lippenhuzen. Op tongersdei 29 novimber fan 20:00 oere ôf is de lokaasjefoarstelling Doarp Europa te sjen yn de boekehal fan Steven Sterk oan de Hellingbaas 1 op ‘e Gordyk. De foarstelling is útferkocht, dêrom spilet Tryater in ekstra foarstelling op freed 14 desimber by Mannen van Staal yn Ljouwert.

Húskeamerfoarstellingen

De 9 akteurs fan Doarp Europa reizgje yn 3 groepkes fan 3 by Fryske húskeamers del mei in húskeamerferzje fan de ‘grutte’ foarstelling Doarp Europa. De húskeamerfoarstelling hat itselde tema as de foarstellingen by de bedriuwen: wa bin ik en wêr fiel ik my thús? Op woandei 28 novimber om 20:00 oere spylje Eva Meijering, Romke Gabe Draaijer en Beppe Costa yn de húskeamer fan Harry en Evelien Jansma yn Kollum. Op dyselde jûn spylje Marjolein Ley, Klaus Jürgens en Brecht Wassenaar by Frieda Hiemstra yn Westergeast.

Ferhalemiddei

Op snein 2 desimber fan 14:30 oant 17:00 oere organisearret Tryater mei de Verhalenkamer en Stichting Dam Jaarsma in twatalige ferhalemiddei yn de Verhalenkamer yn Eastermar. Lânskipskundige Gabriël Vriens fertelt oer it lânskip fan de Noarlike Fryske Wâlden en de ynfloed dêrfan op de mentaliteit fan de Wâldpiken, Douwe Kootstra fertelt oer folksferhalen yn de Noardlike Fryske Wâlden (sammele troch Dam Jaarsma) en oer Fryske ferhalen yn Europa. Opjaan is needsaaklik: verhalenkamer@eastermar.nl.

In spesjaal spylplak yn de rige fan bedriuwen is it AZC yn Burgum, dêr’t de foarstelling Doarp Europa op 6 en 7 desimber om 20:00 oere te sjen is. It is in lyts doarp op himsels, mar is der te sprekken fan in thús? De foarstelling spilet yn it Grand Café fan it AZC. De kapasiteit is lyts.

Kaarten binne te keap op www.tryater.nl en 058-2539550 (ti. en to. 14-17 oere).