Ebele Wijbenga bezorgt Drachten zevende skûtsje

Drachten

Aan het Moleneind ligt sinds enkele weken De Vier Gezusters. Het nieuwe schip van zanger/schrijver Ebele Wijbenga is al het zevende Drachtster skûtsje.

Tot zo'n vijfentwintig jaar geleden had Ebele Wijbenga (48) geen idee hoe je moest zeilen. ,,Ik wist dat as ik oan in tou luts, dat der dan in doek omheech kaam. Fierder hie ik gjin idee.'' Wijbenga leerde zeilen op de Bruine Vloot, waarmee hij zeven jaar lang als bemanningslid vanuit Lemmer en Monnickendam tochten maakte.

Nu heeft hij zijn eigen skûtsje, De Vier Gezusters. En als het moet komt hij er in zijn eentje mee weg. ,,Mar dat is fansels wol behelpen. As ik mei minsken te farren gean meie de gasten ek wol oan de touwen lûke, mar wa't stil lizzen bliuwe wol dy mei dat ek. Meastal haw ik wol in sylmaat mei.''

Moleneind

Ebele Wijbenga kocht het scheepje half juli van Jelle Talsma uit Warten en meerde het aan op het Moleneind. De Vier Gezusters is nu het zevende skûtsje dat Drachten als thuishaven heeft, na de SKS-skûtsjes De Twee Gebroeders (eigendom van de stichting) en d' Halve Maen (Philips), de IFKS-skûtsjes Doeke van Martena (Riemer de Graaf) en De Twa Famkes (Pieter Jansma), het gerestaureerde De Jonge Trijntje (stichting rond Haiko van der Werf) en de Frysia (J. van Keulen).

De Vier Gezusters ligt aan het Moleneind nu naast de Friese Snikke Swaentsje, waarmee Wijbenga tot voor kort wekelijks vaartochten met gasten maakte. ,,Ik woe beide oanhâlde, mar dat waard my dochs te drok, dus eigner Remco Visser moat in oare skipper sykje. Nee, ik sjoch ús no net ynienen as konkurrinten, wy fulle mekoar krekt oan. Wy ha ek alris tagelyk te silen west.''

Drachtster float

,,Der is sa stadichoan in echte Drachtster float op it wetter. Dat is dochs ien fan de gefolgen fan de nije Drachtster Feart. Yn de Passantehaven wie't fan't simmer al in pear kear moai drok, mei in top fan mear as twintich skippen. As it foar trijekwart fol leit, lûkt it ek wer skippen fan bûten oan. Dan is der altyd wat te rêden.''

,,Wat soe it moai wêze as wy ekris mei de oare Drachtster skippen te farren koenen. En as se dêr by't winter allegear by inoar leinen. Yn it sintrum fan Dokkum leit it altyd groatfol, dat soe hjir ek wol útgebreider kinne. Sa bringst libben, sfear en gesellichheid yn it sintrum.''

Bedsteden

Het nieuwe skûtsje van Wijbenga is klein, maar twaalf meter lang en slechts 15 ton, en heeft een open achterdeel. In de roef zijn twee bedsteden met vier slaapplaatsen, een keuken en een toilet. Het skûtsje is in 1903 gebouwd, waarschijnlijk voor transportbedrijf Veenstra uit Heeg, door de werf van Croles in IJlst.

,,Nee, dêr hie ik sels ek noch noait fan heard. It is net dúdlik oft it doe fan achteren ek al sa iepen wie, want de âldste mjitgegevens binne pas fan 1918. It wie doe in fearskip, mar oft it no mei minsken farde of mei fracht, dat is net dúdlik.'' De Vier Gezusters heette eerst De Twee Gezusters. Wijbenga zou de naam wel kunnen veranderen in iets dat beter bij hem past. ,,Ik ha sels fiif susters, mar ik lit it mar moai sa.''

Djippe Gat

Wijbenga kocht het skûtsje ('se binne net sa djoer op't heden, ast ien keapje wolst is it no de goeie tiid') om met groepen tochten te varen. Zo'n tocht duurt gemiddeld zes uur. ,,Bist fanút Drachten samar de weareld út. By Smelle Ie en it Djippe Gat is al genôch wetter om moai te silen, as dêr skielk ek noch it iepen wetter fan Aldegea by komt, dan wurdt it allinnich mar better.''

,,Mar wy fertrekke ek faak fanôf Ie Sicht. Dat skeelt dy in loop rjochtút. It is moai silen yn dit diel fan Fryslân, eins moaier noch as op de grutte marren, fyn ik. As ik troch sa'n smelle feart far, mei oan beide kanten noch in meter wetter, dat is eins it moaiste wat der is. En as ik sa'n tritich tochtjes yn it jier meitsje kin, dan bin ik al dik tefreden.''

Biechtstoel

Het skûtsje is een mooie aanvulling op het jongste project van de Drachtster, dat hij zelf micro-theater noemt. Dat is nog kleiner dan mini-theater. In zijn geval gaat het zelfs om een publiek van één, hooguit twee personen. Als theater gebruikt hij daarvoor een biechtstoel. ,,Yn België kocht fan meneear pastoar. Ik sit yn it diel foar de pryster, it publyk komt yn it diel fan de bychteling. De gerdyntsjes geane ticht, it is skimerich en wy kinne mekoar troch it skermke hiel faach sjen. En dan sjong ik in lietsje foar him of har.''

Wijbenga kiest daarvoor een liedje uit zijn zelfgeschreven repertoire, in het Fries of het Nederlands. Het hokje is te klein om er gitaar in te kunnen spelen, maar hij heeft een cd bij zich met daarop de begeleiding voor vijftien nummers. Op die manier kan Wijbenga wel veertig, vijftig optredens op een dag doen. Daarom is zijn micro-theater heel geschikt voor festivals. Hij was al te zien op Simmerdeis in Drachten, maar werd ook gevraagd voor twee dance-festivals in Utrecht.

Keihurd gûle

,,Der binne trije ferskes dy't it meast spile wurde, mar der binne ek dagen dat ik hieltyd it selde ferske sjong. It giet altyd oer hoe leaf as ik de oare fyn. It makket faak in protte los by minsken. It is foar my soms ek hiel emoasjoneel. Ik sjong altyd mei de eagen ticht en it is hiel yntym. Ik meitsje wol mei dat minsken keihurd gûle moatte. Dan nim ik eefkes wat ekstra tiid, of ik sjong noch in wat lichter ferske. En as it noadich is twa. Kinst dy minsken ek net gûlend de strjitte wer opskoppe. Dan moat ik soms sels ek wol eefkes bykomme. Op koarte termyn fret it energy, mar oan de ein fan de dei bin ik faak razend antoesjast.''

,,It is fansels ek wol spannend, jo sitte yn in donker hol en it bart dochs al net sa faak dat ien tsjin dy seit: ik hâld fan dy. Ik fyn dat wy ús wolris wat mear yn dy sin uterje kinne, al hoege wy mekoar fansels net alle dagen by de Aldi om'e hals te fleanen. It klinkt wat hippy-achtich, mar wy meie de leafde wol mear útdrage.''

Met het micro-theater heeft hij een voor hem perfecte manier van optreden gevonden, zegt Wijbenga. ,,Mei myn repertoire en as solosjonger bin ik minder geskikt foar in grut poadium.'' En er blijkt ook behoefte aan. Dit jaar is hij al twaalf keer met zijn biechtstoel op pad geweest. De Drachtster wordt dan door de organisatie ingehuurd en vervolgens kunnen alle toeschouwers die er zin in hebben gratis een optreden krijgen. Soms volgt er buiten de kast nog een kort gesprek. ,,En ek wolris in hug.''

Doodgebloed

Wijbenga heeft eerder furore gemaakt met in het Fries vertaalde liedjes van Stef Bos, waarvan ook een mini-cd is verschenen. Dat project is echter langzaamaan doodgebloed, zegt hij. ,,Artistyk talint en saaklik ynsjoch is in seldsume kombinaasje yn ien persoan. Gelokkich hoech ik der net fan te bestean. Myn frou Barbara hat in fêste baan en alles wat dêrby komt is wolkom.''

,,Skriuwe, sjonge en sile, dat is wat ik doch. Froeger hearde dêr ek noch sûpen by, mar dat doch ik net mear, haha. Mar alles rint trochinoar, it farren, optrede. Ik doch ek dingen yn opdracht, op maat. Dan doch ik wat minsken freegje, mar ik soe dat sels net kommersjeel neame wolle. Ik wol dingen meitsje dy't yntins binne.''

Thúsbasis

,,No't ik dat skip ha, jout my dat folle mear mooglikheden. Kreativiteit is bûn oan grinzen, mar troch De Vier Gezusters binne myn grinzen ferlein. Stel dat ik yn Rotterdam spylje moat, dan kin ik der hinne farre. Sa wurdt it skûtsje net allinnich myn ferfiermiddel, mar ek myn thúsbasis. Ik ha myn eigen hotelkeamer by my. En ik wol myn bychtstoel ek op it skip sette, want dy festivals binne dochs faak yn de buert fan wetter.''

Het zakelijke deel van het artiestenbestaan vindt Wijbenga nog steeds moeilijk. ,,Ik skriuw my op't heden echt in slach yn'e rûnte nei alle festivals om oan optredens te kommen.'' Verder is hij aan het nadenken over arrangementen. Bijvoorbeeld een vaartocht met onderweg een optreden door een artiest of een andere activiteit. ,,Net allinnich in dom rûntsje farre, der sit noch folle mear yn. Dy boat jout in boost. Dêr kin ik de kommende jierren noch wol mei foarút.''

Tekst en foto’s: Fokke Wester