Ûnderwiiskongres WOW Meartalich: Oan ‘e slach mei dyn ambysje

Drachten

,,As ús bern gjin respekt hawwe foar har eigen taal, kinne se ek gjin respekt opbringe foar oaren.”

Dat sei Kommissaris fan ‘e Kening drs. Arno Brok juster op WOW Meartalich, it kongres oer meartalich ûnderwiis dat dit jier foar de fjirde kear holden waard yn it Adverium yn Drachten. WOW Meartalich luts 150 learkrêften, dosinten, direksjes, studinten en oare belangstellenden út foarskoalsk-, basis- en fuortset ûnderwiis. It kongres wurdt jierliks organisearre troch it konsortsium fan Afûk, de lektoraten Frysk en Meartaligens en Taalgebruik en Leren van NHL/Stenden en Cedin.

Ambysje

It tema dit jier wie: oan ‘e slach mei dyn ambysje! Yn it ôfrûne oardel jier hawwe alle skoallen, basis- en fuortset ûnderwiis, besite hân yn it ramt fan Taalplan Frysk. Alle skoallen witte no wat harren profyl is en hawwe ambysjes formulearre om meartalich ûnderwiis, mei ynbegryp fan it Frysk, de kommende jierren te fersterkjen. Tidens it kongres koene de skoallen troch lêzingen en workshops ynspiraasje opdwaan om hjir foarm oan te jaan.

Kommissaris fan ‘e Kening yn ‘e Provinsje Fryslân, Arno Brok, iepene de konferinsje en gong dêrby ek yn op it Taalplan Frysk. ,,Fjouwer op de tsien skoallen foldogge no oan de kearndoelen foar it fak Fryk. De Provinsje Fryslân hat as doel dat yn 2030 álle skoallen oan de kearndoelen foldogge. Dit wolle wy fêstlizze yn de nije bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer. Dat klinkt twingend, mar sa is it net bedoeld. It Frysk is sa’n moaie taal, dat wolle wy dochs trochjaan? Net omdat it moat, mar omdat it heart. It is in foarrjocht dat wy meijaan meie oan ús bern. As ús bern gjin respekt hawwe foar har eigen taal, kinne se ek gjin respekt opbringe foar oaren. Meartaligens is net allinne goed om talen libben te hâlden, mar ek foar de ûntwikkeling fan bern.”

Tûkelteammen

Nei de iepening fersoarge Albert Walsweer fan it Lektoraat Taalgebruik en Leren in presintaasje oer it Taalplan Frysk. ,,Alle data dy’t wy by de skoalbesites sammele hawwe wurde no ferwurke yn in rapport dat yn septimber yn Thialf presintearre wurdt op in grutte ûnderwiiskonferinsje, organisearre troch de Provinsje Fryslân yn ’e mande mei de Ynspeksje fan it Underwiis. Dêrnei begjint de lêste fase fan Taalplan Frysk. Dat sil in ynteressante perioade wurde. In perioade wêryn’t mear dúdlikheid komme moat oer tûkelteammen: wat dogge wy mei bern mei in migrante-achtergrûn? Wat dogge wy mei skoallen yn streektaalgebieten? Ien ding is wis: Provinsje, skoallen en ynstellingen moatte gearwurkje om de ambysjes wier te meitsjen en foarmen fan ynspirearjend ûnderwiis te ûntwikkeljen.”

Nei it teeskoft fersoarge Mark Mieras in machtich interessante lêzing mei de titel: ‘Wonderlijk brein; hoe kinderhersenen meerdere talen verwerven’. Mei prachtige foarbylden hat Mark Mieras de dielnimmers meinaam yn ‘e ynsichten út harsensûndersyk oer it learen fan meardere talen. De lêzing fan Mark Mieras makke dúdlik dat meartalich ûnderwiis eins allinnich foardielen hat.

Neist it plenêre diel koene de dielnimmers kieze út 15 workshops dêr ’t se ynspiraasje opdwaan koene om harren ambysjes op it mêd fan meartalich ûnderwiis stâl te jaan. Sa wiene der workshops oer Content en Language Integrated Learning, lêswille, MySchoolsNetwork, de meartalige taalronde en oer teaterlêzen. ,,Het was echt een superinspirerende middag!” sei ien fan de dielnimmers.