Willem Schoorstra: 'Ik hie mear mei Rink as dat ik tocht'

De Feanhoop

Willem Schoorstra fan Ternaard hat freedtemiddei de Rink van der Veldepriis krigen.

De priis, in byldsje fan Anne Woudwijk, waard him oerhandige troch wethâlder Marjan Sijperda fan Smellingerlân, dy't dêrmei foar it earst yn it iepenbier yn funksje wie. Sy die har taspraak yn it Frysk, hoewol't se dat sels fantefoaren net sa betocht hie. ,,Ik ha altyd yn 'it bûtenlân' wurke, yn Mearum en sa, dus yn myn wurk haw ik altyd Hollânsk praat. It is wol eefkes wennen'', eksusearre se har tsjin de genoadigden.

Sy makke der in persoanlik ferhaal fan, mar sei ek ta dat de gemeente in werkgroep ynsteld hat dy't meikoarten komme sil mei in notysje Frysk Taalbelied. Ien fan de útgongspunten dêryn is dat boargers dy't mûnling of skriftlik in fraach stelle yn it Frysk, ek yn dy taal in antwurd krije.

Bertedei

De priisútrikking wie net lykas oars yn febrewaris op it gemeentehûs, mar flak foar de bertedei fan Rink van der Velde (18 juny) op de Feanhoop. De priisútrikking wie foar it earst kombinearre mei de start fan in nij skriuwersseizoen yn it Arkje fan Rink en luts dêrom in soad ekstra minsken. De searemony, dy’t ûnderdiel útmakket fan de Wike fan Rink, mei tal fan aktiviteiten dy’t omtinken jouwe oan Rink van der Velde en it Frysk, waard dêrom hâlden yn in tinte op it weilân njonken it petgat wêryn’t de Skriuwersarke leit. Op it programma stienen ek in pear optredens troch Gurbe Douwstra.

De twajierlikse Rink van der Veldepriis is yn 2004 ynsteld en Willem Schoorstra is de achtste skriuwer dy’t him wint. Neffens sjueryfoarsitter Janny Bottema rint it oantal boeken dat beoardiele wurde moatte hieltyd achterút, foaral omdat de skriuwers dy't de Rinkpriis ien kear wûn ha, net wer yn oanmerking komme foar de priis. Dat hâldt yn dat boeken fan bygelyks Koos Tiemersma (de earste winner yn 2004) en Ferdinand de Jong (wûn yn 2012) net mear meidwaan meie. ,,Mar dat jout wol wer kânsen foar nije en jonge skriuwers.''

It boek fan Schoorstra, De Nacht fan Mare, is neffens de sjuery in terjochte winner. It is tagelyk spannend en dramatysk. ,,As jo ien kear begjinne te lêzen, lit it ferhaal jo net mear los. De skriuwer wit in sfear op te roppen dy’t nijsgjirrich makket. Hy skriuwt rjocht foar de raap, mar tagelyk byldzjend en poétysk. It ferhaal is prachtich opboud en stilistysk sterk.''

Tekst en útlis

By it oerhandigjen fan it byldsje koe wethâlder Sijperda tekst en útlis jaan, want dy hie sy eefkes dêrfoar fan de byldhouwer sels te hearren krigen. ,,Rink van der Velde hie neat mei de tsjerke, mar koe him better fine yn de natuer. Minsken koenen froeger boadskippen fan de goaden helje út it gehinnik fan de hynders en it fleanen fan de fûgels. Dy beide eleminten hat Woudwijk yn dizze stien ferbylde.''

,,It is my in eare om dizze priis oan te nimmen. As ik dit sa hear, dan hie ik mear oerienkomst mei Rink as dat ik sels tocht. Dizze stien is prachtich'', antwurde Schoorstra. Dy krige dêrnei fan Pieter de Groot de bykommende jildpriis fan 2000 euro. ,,Ast dyn banknûmer goed trochjûn hast, dan stiet it no op dyn rekken.''

Foto’s Fokke Wester