Koos Tiemersma presintearret berneboek tusken de bylden

Drachten

Koos Tiemersma hat saterdei yn it atelier fan Jan Ketelaar berneboek ‘Heech Tymo, sjoch omheech’ presinteard.

Dat de presintaasje krekt dêr plakfûn, wie gjin tafal. It troch Carla van der Heijde yllustrearde boek slút nammentlik oan by de bylden dy’t Jan Ketelaar op dit stuit makket foar Sense of Place, ien fan de projekten fan Kulturele Haadstêd 2018. It boek is fan oarsprong bedoeld foar bern út ’e boppebou fan de basisskoalle, mar kin likegoed lêzen wurde troch wa’t him noch jong genôch fielt.

De earste eksimplaren waarden toch Tiemersma oanbean oan Jan Ketelaar en Carla van der Heijde.

Foto’s Wim Derksen