Nij berneboek Koos Tiemersma spilet by de bylden fan Jan Ketelaar

Drachten

Skriuwer Koos Tiemersma presintearret saterdeitemiddei om fjouwer oere yn it atelier fan byldhouwer Jan Ketelaar oan de tussendiepen 6 syn nije boek ‘Heech Tymo, sjoch omheech’. Tiemersma en Ketelaar ha foar it boek gearwurke en organisearje yn it ramt fan it boek ek ekskurzjes.

Jan Ketelaar is yn masinefabryk Sluis op it yndustryterrein drok dwaande mei it meitsjen fan ‘Wachten Op Hoog Water’, in twatal bylden dat yn it ramt fan Sense of Place (Kulturele Haadstêd 2018) pleatst wurde sil op de seedyk by Holwert. Nei oanlieding hjirfan hat Koos Tiemersma in boek foar jong en âld skreaun: Heech Tymo, sjoch omheech, in boek dêr’t dy bylden in grutte rol yn spylje. Carla van der Heijde makke de yllustraasjes.

It ferhaal giet oer Tymo. Syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei te luilakjen op de bank dêr’t Tymo sa graach op sitte mei om te gamen. Dêrom wol Tymo dy nije flam fan syn mem sa gau mooglik ta de doar út wurkje. Mar dat falt noch net iens ta ... Tymo begjint te doarmjen oer it yndustryterrein en treft dêr in byldhouwer dy't yn in aâld fabryk wurket oan twa grutte bylden fan froulju. se wurde freonen.

Heech Tymo, sjoch omheech is in boek foar lyts en grut, jong en âld, oer fleur en fertriet, it trochbrekken fan grinzen en ûntdekke wa’t je binne, skreaun mei humor en oant de ein ta spannend.

Ekskurzjes

Beide keunstners wolle harren wurk graach diele mei safolle mooglik besikers fan alle leeftiden. Om dy reden biede se in ekskurzjeprogramma fan in goed oere oan foar jong (boppebou basisskoalle) en âld. De skriuwer lêst foar en fertelt oer boeken, de byldhouwer lit sjen hoe’t er syn bylden makket.

Opjaan foar in ekskurzje yn Sluis Machinefabriek oan de Tussendiepen yn Drachten kin mei in mailtsje oan janketelaar@planet.nl of info@froonakker.nl. Per kear is der rûmte foar sa’n tritich grutten/lytsen, mear yn oerlis.


Auteur

Fokke Wester Redacteur