Niet wakker van Oerrock

Ureterp

Sietse Boonstra ligt niet wakker van Oerrock. Nou ja, gisternacht even. ,,Doe ha’k dochs eefkes op de waar-app sjoen.

De laatste jaren trof Oerrock het bijzonder met het weer en zo groeide het driedaagse muziekfeest aan de Skieppeleane uit tot een een waar zomerfestival. De vooruitzichten voor editie 2018 logen er vorige week niet om, maar inmiddels zijn de weerberichten wat bijgesteld en lijkt het voor het grootste deel toch weer een zonnige aflevering te worden. ,,Wy ha alles yn’e macht, behalve it waar’’, zegt voorzitter Sietze Boonstra nuchter.

Waar-apps

De organisatie heeft de zaken vooraf nog nooit zo goed op orde gehad als dit jaar. ,,De tintebouwer woe graach wat earder begjinne en dêrtroch sitte wy moai op skema. Wy hâlde it waar goed yn’e gaten, guont fan ús ha wol fjouwer waar-apps op de mobyl stean. Wy ha no jierren moai waar hân, dan witst mei ús klimaat gewoan dat de kâns op in mindere dei hieltyd grutter wurdt.’’

De tijd van het jaar maakt niet zoveel verschil, weten ze inmiddels in Ureterp. Vorig jaar was Oerrock eind mei en toen was het prachtig weer, maar ook op 5 mei een jaar eerder was dat het geval. ,,En it hat ek wolris roetkâld west. Wy hâlde gewoan mei alles rekken. Wy ha ekstra oerkappings, foar as it reint, mar ek as de sinne skynt. Wy ha ekstra poncho’s klearlein, mar hâlde ek fleskes wetter paraat foar as it wer te waarm wurdt. Wy hâlde rekken mei alle mooglike scenario’s, ek om alles sa feilich mooglik te hâlden.’’

Doemscenario

De organisatie heeft verder weinig onzekerheden. Alle kaartjes voor de donderdag en zaterdag waren dit jaar binnen twee uur uitverkocht, dus een financiële strop is uitgesloten. ,,Yn it swartste doemscenario komt der gjin kop op freed, mar dan noch is der foar ús neat oan’e hân.’’ Die kans lijkt echter te verwaarlozen, met hoofdact De Dijk en De Kast.

De komst van Anouk was jaren een hot item in Ureterp, maar nu ze eindelijk speelt (donderdag al vanaf 16.30 uur) kijkt de organisatie al weer vooruit. ,,Dy spanning is der ôf, wy kinne Anouk ôffinke. Dan is der op dit stuit yn Nederlân net safolle mear te winksjen, mar dat kin samar wer feroarje. It is net sa dat wy no sjogge nei bûtenlânske toppers, dan wurde de risiko’s foar ús dochs te grut. It is wol hobby. Wy ha 38 bands op it affysje stean, dan ûntkomst der net oan datst dysels herhellest. Mar ach, dêr ha wy gjin stress fan en ús publyk ek net, ast sjochst nei de ferkeapsifers. Wy as organisaasje krije dochs al net safolle mei fan de optredens, wy binne mear dwaande mei de omballings.’’

Vijfhonderd vrijwilligers

Op het festivalterrein zijn deze hele week, inclusief voorbereidingen, zo’n vijfhonderd vrijwilligers actief, allemaal uit de regio. ,,Hiel Oerterp rint hjir no om’’, zegt Boonstra lachend. ,,It is echt ús feestje en dat wolle wy graach sa hâlde. Dêrom dogge wy de programmearing en boekings ek sels. Dat kinst wol oerlitte oan sa’n grut boekingskantoar, mar dan giet ûnherroeplik de siel der út. Wy litte ús net stjoere. Wy soargje der foar dat it hieltyd professjoneler wurdt, mar it moat wol gemoedlik bliuwe. En oant no ta slagget dat, it byt mekoar net.’’