Oer de Brêge | Esther de Vries

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de Hoofdbrug van Gorredijk Esther de Vries-Jagersma uit Oldeberkoop.

Werfoar komme jo hjir nei de Gordyk?

Dat is wat in apart ferhaal. Ik hie in kadootsje krigen en dat moast ik eefkes ruilje. Mar set dat der mar net yn.

Oei. It gefaarlikste mei soks is dat jo sa'n kadootsje bewarje en letter oan in oar jouwe en dat blykt dan deselde te wêzen fan wa't jo it krigen ha.

No sjoch, ik hie't fan myn man krigen, hin? Mar ik ha't ruile, hear. Ik haw in oarenien útsocht.

En jo man wit net dat jo it ruilje?

Jawol.

Wêrom fine jo it dan ferfelend?

No ja, yn de winkel ek, it is goudkleurich en ik draach altyd silver. It wie in horloazje. En doe sei myn man direkst al doe't er it joech, ast in oare kleur ha wolst dan ruilest it mar. En dat ha'k no dien.

Jo ha fan jo man in gouden horloazje krigen.

Ja, net in hiele lúkse gouden, hear, mar in goudkleurigen.

Foar de jierdei?

Ja, foar de jierdei. Ik bin fjirtich wurden.

Wannear?

Ofrûne tongersdei.

Lokwinske. Fjirtich, dat is in moaie leeftyd.

Ja, bysûnder.

Seagen jo der ek tsjinoan, tsjin fjirtich?

Nee, nee, hielendal net. Ik bin úteinliks bliid dat ik fjirtich wurden bin, omdat ik krekt hiel siik west ha.

Echt híel siik?

Ja, in tumor yn'e holle.

Jakkes.

Ja, wol goedaardich, mar it kin net hielendal fuorthelle wurde. Dus it is eefkes ôfwachtsjen hoe't it komt. Se hawwe it sa fier mooglik fuorthelle, mar as it op bloedvaten en sa sit, dan kinne se it net hielendal fuorthelje. En dan is it gewoan ôfwachtsjen hoe't it fierder giet. ik bin der no foar de twadde kear oan holpen.

Ha se jo ek bestraald, dat er lytser wurden is?

Nee, dat dogge se net. Want dan hast kâns datst mear skea krijst. Der sit no hast niks mear. De earste kear is der wol aardich wat sitten bleaun, en no ha se in jier letter, dat wie ôfrûne simmer, doe ha'k in twadde operaasje hân en doe ha se sa goed as alles fuorthelje kinnen. En no, no ja, it is in langsaam groeiende, sizze se, dus it is eefkes ôfwachtsjen.

Mar jo skrikke jo kapot, fansels, as sa'n dokter seit: it is in tumor, of net.

Ik hie't net yn'e gaten. It sit yn myn foarholle, dus ik ha my der sels net bewust fan west.

Hoe kamen se der achter, dan?

Ik wie myn reuk op in geven momint kwyt. En ik wie al hiel lang net fit, hear, hiel erch wurch, pine yn'e holle, in soad op bêd lizze. En doe't ik der achter kaam dat ik myn reuk kwyt wie, doe hie ik sels sa yts fan: hé, dit kloppet net. Minsken om my hinne seinen altyd al: der is wat mei dy. En júst omdat it yn dy foarkwab sit, dan ha jo dat sels net troch.

Mar de reuk wie it ienige symptoom...

Dat by my... dat ik tocht fan: hé, dit kloppet net. En achterôf besjoen dy pine yn'e holle natuerlik. En hiel folle op bêd lizze. En hiel inisjatyfloas ek, ek kwa persoan hiel oars.

Gjin fut mear.

Nee, nee.

Dus doe binne jo nei de húsarts gien. En ha jo ek fuort sein wat jo fermoeden wie?

Nee, want dat hie ik net yn'e gaten. Ik haw allinnich sein dat ik myn reuk kwyt wie, dus doe bin ik nei de KNO-arts trochferwiisd.

Dy sjocht jo yn'e noas.

Klopt. En dy koe neat fine. Mar dy sei wol: reukferlies kin in begjinnend symptoom fan Parkinson wêze. Dus as ik dy wie soe'k werom gean nei de húsarts en in ferwizing nei de neurolooch freegje. No haw ik sels altyd as neurology-ferpleechkundige wurke, dus ik wit ek wol wat Parkinson is.

Yn Tsjongerskâns?

Ja, yn Tsjongerskâns. En ik bin steeds yn Grins opereard, ik bin yn behaneling by it UMCG. Mar doe bin ik nei de húsarts gien. Dy hie sa yts fan: ach, dat komt hast net foar, Parkinson is mar ien of twa persint.

Is Parkinson ek echt foar âlde minsken?

No, dat hoecht net. Mar ik sei: stel jo foar dat it wol sa wêze soe, dan soe dat myn takomst wol feroarje, dus ik wol it gewoan útslute. No, doe bin ik nei de neurolooch gien en dêr ha se in scan makke en doe wist ik eins direkst al dat it dit wie.

Dat seagen se fuortdaliks op de scan.

Ja, ja, it wie in tumor fan acht by seis by fjouwer sentimeter. Der siet wol sa'n blok yn myn foarholle.

Dat is mear as in dik eine-aai.

Ja, in hiele dikke, kloppet.

Mar dat drukt ek allemachtich op de harsens yn.

Dy skoot alles oan'e kant. En sjoch, wat der yn'e foarholle sit, dat bepaalt hoe't jo binne. Dêrom haw ik ek hiel lang hiel oars west. Ik bin ek binnen trije wike holpen.

Wannear spile dit?

Dit wie yn 2016, begjin 2016. Krekt twa jier lyn.

En doe koenen se dus it grutste part fuorthelje, mar noch net alles.

Nee, doe ha se santtjin oeren bezich west.

Soa.

En sa lang ûnder narkoaze is fansels ek net goed. Dus doe ha se safolle mooglik fuorthelle, mar se seinen ek al: it sit op de bloedvaten, dus, dan hast it risiko dat se dy kapot meitsje en dan bist folle fierder fan hûs. Dokter hat it doe allinnich dien, ek bêst wol bysûnder, santtjin oeren lang. Doe wie it ôfwachtsjen en in pear moanne letter blykte dat der noch wol 20 persint siet. En achterôf hat it miskien wol mear west. Mar ja, dêr kinne se op sa'n momint neat oan dwaan, want sjoch, dêr moatte jo kondisjoneel fansels ek... dus ik ha earst revalideard.

Wat moatte jo dan revalideare?

Ik ha fysio-therapy hân, sport en spel, eins it hiele pakket, de psycholooch, maatskiplik wurk, alles.

Is soks foaral in mentale kwesty?

Dat wie it de twadde kear wol, mar de earste kear net. De earste kear wie't mear om wer de balâns werom te krijen yn al jo aktiviteiten, dingen te plannen en jo libben wer wat op de rit te krijen. En kondysje opbouwe. Sjoch ik wie fansels al jierrenlang, ja, achterôf besjoen is dat, dat hienen wy doe net yn'e gaten, mar hy sei: it kin der wol tsien jier sitten ha.

Ja hin? Wat in mazzel dan eins.

Ja toch? Ja, net mazzel dat jo it krije, mar dat ik der sa fan opknapt bin wol.

Ja. Dan kin ik my foarstelle dat dyn man in gouden horloazje keapet.

Ja, haha.

Mar de twadde kear binne jo wer opereard.

Ja, dat wie ferline jier, doe blykte by de kontrôle-scan, want sjoch, jo krije elk jier in kontrôlescan, dat it wer gigantysk groeid wie. Of dat it útsetten wie. Hy seit: it hat mear de rûmte krigen.

Dy restjes wurde dan wer grutter.

Ja, en oft it no ferdûbele is of dat it krekt sa is as in spûnseffekt, dat witte se net. Mar dat wie yn july en doe bin ik yn augustus foar de twadde kear opereard. En doe haw ik yn novimber kontrôle hân en ja, der sit miskien in heale persint noch, mar dat kin ek wol littekenweefsel wêze.

Jo persoanlikheid, jo karakter, is dus wer sa as it...

Normaal, ja.

Wat fynt jo man dêr fan.

Bliid, natuerlik,

Ja, want dat is de frou dêr't hy froeger ferlyfd op wurden is.

Ja, tuerlik. Mar dan noch, it hat wol tiid noadich om wer wat normaal te wurden. Op in bepaald momint wie it ek net leuk mear. Net dat ik kwa gedrach in hiel ferfelende frou wie, mar ik die gewoan neat mear. Sjoch, ik haw in jong gesin, twa famkes.

Hoe âld binne dy?

Dy binne no alve en fjirttjin. Dy wienen doe njoggen en tolve, krekt yn de puberteit wat.

En dy ha in mem dy't nergens mear nocht oan hat.

Nee, dy ha my wol eefkes kwyt west. Dy wienen altyd op myn man oanwiisd. En dat koe'k nei de tiid ek hiel bot merke, want doe wie ik der dus wol wer, en ik tocht: jim lústerje hielendal net nei my, hin? Ik bin der dochs ek noch? Sa.

De hiele balâns moat werom fûn wurde.

Ja, en ik merk dat dat no einliks wol wer goed is. Kwa wurk bin ik it wer oan it opbouwen, dat giet ek hartstikkene bêst.

Jo wurken net, de ôfrûne jierren?

Ja, ik wie altyd oan it wurk, ik haw ek echt oant de earste operaasje hieltyd oan't wurk west.

Dat wie yn it sikehûs?

Nee, dat wie by de wykferpleging.

Fernamen se dêr ek dat jo minder funksjonearden?

Achterôf besjoen wol.

Bysûnder, mar ik kin my foarstelle dat jo dan tinke: dy fjirtich dy ha'k mar. En yn feite binne jo wer opnij begûn.

Ja, en jo libben is no gewoan hiel oars. Jo binne jo ek folle bewuster fan alles. En ik moat earlik sizze, ek fan wat wol belangryk is en wat net, mar ek kwa persoan, kwa freonen, dêr is ek hiel wat yn feroare.

Ja? Binne jo ek freonen kwytrekke?

Ja, ja, hiel folle ûnbegryp ek, en dat is it ferfelende. Sjoch, se sjogge my no ek rinnen, dan tinke se: se is der wol wer, mar sa wurket it net.

Nee. Mar ha jo ek nije freonen krigen?

Ja, ja, ek wol wer weardefol, net?

Ja. Doe't ik jo oanspruts hie ik net betinke kinnen dat ik dit ferhaal hearre soe. Dat is ek it moaie fan dizze rubryk.

Ja, ik bin der altyd hiel iepen oer, hear. Miskien fine minsken it raar dat ik dit allegear fertel, hjir op de brêge.

Ik fyn it júst hiel hoopfol, sa'n ferhaal.

Ja, no ja, ik tink: in oar kin der miskien ek wat oan ha. Ik sjoch dat by oaren ek, ik ken minsken dy't bygelyks wat oan't hert ha, of kondysje, dat de bûtenweareld it gewoan net altyd snapt. En dat is jammer. Miskien moatte jo it earst sels meimeitsje.

Mar ja, jo sjogge sa ek neat oan jo. As jo de foet stikken ha en mei in kruk rinne, dan is dat helder.

Ja, sokke dingen ha'k net. Ja, myn reuk bin ik kwyt. Dat is it ienige.

Dy is noch altyd fuort?

Ja, en dat bliuwt ek fuort, hear.

Mar as jo net rûke kinne, dan is de smaak dochs ek fuort.

Nee, dat net.

Priuwe is foar in grut part rûke, ha se my altyd ferteld.

Dat haw ik dus net. Dat is wol bysûnder. Gelokkich net, kinne wy yn elk gefal noch wol út iten.