Opskuor yn'e Famylje op toaniel fan It Bynt

BOARNBURGUM

Toanielferiening De Wylgen spilet 9 en 10 maart yn It Bynt it blijspul Opskuor yn ‘e famylje.

It stik is skreaun troch Stephens en Linton en yn it Frysk oerset troch Lammert Dijkstra. de útfierings begjinne beide kearen om 20.00 oere. Kaarten binne oan de seal te keap. It blijspul giet oer Saskia en har man Joris, dy't yn spanning op de komst fan harren dominante mem en skoanmem Vera wachtsje. Hja komt útfanhûs mei har wat guodlike man Nico. Ek har jongste dochter Ineke, dy’t graach aktrise wurde wol, komt mei. Wim, de soan fan Vera en Nico, wennet tydlik by Joris en Saskia yn en is net bliid mei harren kommen. Hy wol skriuwer wurden en dat is Vera min nei’t sin. Fierders spylje noch in wichtige rol yn it stik de húshâldlike help Elly, mei in grut geheim, de wûnderlike feedokter Peter Nietz, de aktrise Dolly de Waard en… in kapotte piano. Alle oanwêzigen reitsje betize yn leagens, fertinkingen en gekke situaasjes. It jout safolle spanning dat úteinlik de plysje deroan te pas komme moat. Al mei al genoch yngrediïnten foar in noflike toanieljûn.

Auteur

Fokke Wester