Sertifikaat Twatalich Wurkjen foar 't Fleurige Flinterke

ALDEGEA

Bernedeiferbliuw ’t Fleurige Flinterke yn Aldegea hat it sertifikaat foar twatalich wurkjen krigen.

It Sintrum Frysktalige Berne-opfang hat it sertifikaat ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’ takend oan Bernedeiferbliuw ‘t Fleurige Flinterke yn Aldegea. De lokaasje wurket sûnt augustus 2013 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en dat is mei de bern fierd. Riemkje Hoogland hat in foarstelling jûn oer feest op ‘t Fleurige Flinterke. Eigner Jacqueline van der Velde hat it sertifikaat oerlange krigen. Twatalichheid ‘t Fleurige Flinterke is een partikuliere berne-opfang, dêr’t opfang foar bern fan 0 oant 4 jier bean wurdt. Dêrnjonken is der ek bûtenskoalske opfang én binne sy sûnt septimber 2017 dwaande mei in pjutteplusgroep. Doe’t yn 2013 starten waard mei it sertifisearringstrajekt, hie Jacqueline van der Velde it bernedeiferbliuw krekt oernommen en stienen sy op it punt te ferhúzjen nei har romte yn de basisskoalle De Diamant. It wurkjen mei in twatalich belied past goed by ‘t Fleurige Flinterke. In oantal liedsters praat Frysk en in oantal liedsters praat Nederlânsk. Der wurdt yn beide talen songen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare. Fisitaasjekommisje Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by ‘t Fleurige Flinterke west te sjen en dy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘Der is in fêste struktuer en dat kinst merke oan de bern. Se fiele harren tige thús en feilich by de liedsters; sa’t in jonkje seit: ,,Aansens gean ik ek nei skoalle ta, krekt as myn broer en dan misse jimme my wol, hin?'' En: 'De liedsters prate in protte mei de bern en ferwurdzje alles wat se dogge. Se binne tige bewust dwaande mei harren wurk en stelle goede doelen. Omdat Aldegea yn in taalefterstânsgebiet leit ha se de Tinkkursus by Timpaan folge en Boekstart by de biblioteek.’ By it sertifisearringstrajekt krijt ‘t Fleurige Flinterke begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 210 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.  

Auteur

Fokke Wester