Op'e Nij Bigoun spilet fjouwer kear It Kistke

ALDEGEA

Toanielferiening Op 'e Nij Bigoun Aldegea spilet de kommende twa wykeinen it stik It Kistke. It blijspul yn twa bedriuwen is skreaun troch Wimpy de Vries, dy't ek soarge foar de rezjy.

Thema fan it stik is: Wa't it ûnderste út de kanne wol, kriget...' It Kistke giet oer in âlde man dy 't himsels wat ferwaarleazet. Wol hat er in hiele leave húshâldster. Op in jûn binne twa manlju oan it murdejeien mei harren stabijhûntsje. De murd fljucht omke syndak op, de hûn der efter oan. No kin it dak de murd wol ferneare mar de hûn net en dy ploft by omke yn 'e keamer. De famylje fynt dat it sa net kin en wol him nei in âldereintehûs ha. En dêr komt er ek. Krekt even, want omke kin him mar dreech oanpasse. Sa lit er him wolris in prûmke ûntkomme op 'e gong en pisset er wolris oer it balkon. De famylje is poer, mar hja witte dat Omke altiten hiel heimsinnich docht oer syn jildkistke. Elk fan de famylje siket op eigen wizen nei dat kistke. Sy binne tige wantrouwend tsjin oer elkoar want wat sit der yn dat kistke? In protte jild? Goud? Sulver? Hoe't dat ôfrint wurdt pas oan de ein fan it stik dúdlik. De útfieringen binne de freeds 2 en 9 maart en de saterdeis 3 en 10 maart yn ‘e Skippersseal fan Aldegea. Alle foarstellingen begjinne om 20.00 oere. Foarferkeap by Handelsonderneming JDV (Sânbuorren 1) telefoan 0512-372387.  Sjoch ek www.op-e- nij-bigoun.nl

Auteur

Fokke Wester