Griet van der Iest zingt al zeventig jaar bij De Lofstem Oudega

OUDEGA

 Het Oudegaster koor De Lofstem bestaat donderdag 90 jaar. Daarvan maakte Griet van der Iest er 70 mee als sopraan. En ze wil nog wel even door. ,,Dit is it lêste dêr’t ik foar bedank.’’

Tekst en foto's Fokke Wester Griet van der Iest (86) zingt morgen 70 jaar bij De Lofstem. Wat er zal gebeuren om dat te vieren weet ze niet. Twintig jaar geleden kreeg ze bij haar jubileum een certificaat en een fraai speldje, waar ze nog altijd zuinig op is. Het certificaat prijkt aan de muur van haar woning en het speldje bewaart ze in het originele bakje. ,,En ik ha ek alris in lintsje krigen, mar dat wie mei omdat ik yn it bestjoer sitten ha. Mar wy sjogge it wol.’’ Snotfamke Griet was zestien toen ze op het koor kwam. ,,Ik ha earst noch by it famkeskoar west, mar wat wy songen of hoe’t it dêr wie, dêr wit ik net folle mear fan. Doe wie ik ek noch mar sa’n snotfamke. Der wienen doe trije hûzen yn Aldegea mei in belle, dêr bellen wy altyd oan as wy nei hûs rûnen. Altyd twa kear. En noch altyd belje ik twa kear as ik by ien thús kom.’’ Griet van der Iest werkte destijds in de huishouding bij mensen in de omgeving. ,,It gie my doe net om it sjongen, it gie der om datst eefkes fan hûs wiest en fan’e dyk. Fierder wie der ek net safolle, al ha’k noch wol op kuorbaljen west en op de resitearklub. Tsjintwurdich is der altyd wol wat te dwaan, mar miskien hienen wy wol mear wille as de jeugd fan no.’’ Ze is ooit door de dirigent weggestuurd, omdat ze zat te praten tijdens de repetitie. ,,Hoechst oare kear net wer te kommen, sei er. Ik tocht: hoe moat ik dat no thús fertelle. Ik wit net iens oft ik dat wol dien ha. In pear wike letter bin ik gewoan wer hinnegien. Eskús meitsje? Nee wis net, elk prate ommers wolris.'' Ereklasse De Lofstem was in die jaren een flink en goed koor, weet ze nog wel. Op concoursen zongen de Oudegasters in de hoogste klassen, tot de Ereklasse aan toe. En vaak werden prijzen gewonnen. ,,Foaral it konkoers yn De Lieke hecht my noch goed, dat wie ít konkoers yn dizze omkriten. Doe wie De Lofstem ek noch in grut koar. No ha wy mar in goeie 23 leden mear. It is hiel dreech om der nijen by te krijen, mar wy sjogge wol wêr’t it skip fêstrint.’’ In die zeventig jaar heeft Griet van der Iest verschillende dirigenten meegemaakt, zoals Visser, Wietze de Haan en diens broer Jan. Het koor staat nu al weer jaren onder leiding van Caroline van der Laan. ,,In monsterke, dy foldocht prima'', zegt Van der Iest goedkeurend. Ze is altijd lid gebleven, al heeft ze de repetities wel eens een poosje overgeslagen, zoals na het overlijden van haar 22-jarige zoon Sjoerd in l980, de plotselinge dood van haar eerste man Marten Weijer in 1983 en het ziekbed en overlijden van haar tweede man Auke de Boer in 2014. Moed der út ,,Foaral nei Sjoerd hie’k de moed der út. Witst, in man ferlieze is slim, mar dy wurdt dy fan dyn side helle. In bern wurdt út dyn hert skuort. Nei de dea fan Sjoerd haw ik der wol in jier net west. Ik koe it net. En doe’t ik wer hinne soe wie ik ek benaud. Ik siet úteinliks al op de fyts en doe doarde ik hast noch net. Ik soe werom nei hûs, mar ik tocht: nee, do bist hjir no. Ik seach der foaral bot tsjinoan dat se miskien wat tsjin my sizze soenen. En? frege Marten doe’t ik thús kaam. Se hienen allegear eefkes by my west. Moai datst der wer bist, seinen se. In âlde frou sei neat, dy hie my allinnich mar eefkes by de earm krigen. Sa heart it, sei Marten, wat hiest der fan tocht as net ien wat tsjin dy sein hie? En sa wie it fansels ek.’’ Zingen is een sleutel tot diepe gevoelens. ,,Ik sjong altyd mei ynmoed, mar guon ferskes kin ik soms hast net sjonge. Elk minske hat in libben nei bûten en in libben nei binnen. It helpt as jo sjonge kinne, ferskes geane nei binnen. In liet as De Rivier, dat is sa moai. Dêr reageart it publyk ek altyd hiel bot op. Guont fine de teksten miskien wat oubollich, mar jo moatte it oanfiele. Sa’n tekst jout soms wurden oan wat jo sels net sizze kinne.’’ Hoe lang ze nog zal zingen, ze weet het niet. Maar voorlopig blijven die donderdagse repetities in het Folksgebou haar heilig. Dan kan ze ‘s middags ook geen visite hebben. ,,Oars praat ik te bot en dan kin ik jûns net sjonge. Ik sjong salang’t ik sjonge kin. Dit is it lêste dêr’t ik foar bedanke sil.’’

Auteur

Fokke Wester