Toanielferiening Mei Inoar Ien spilet Chez Dolly

DRACHTEN

Toanielferiening Mei Inoar Ien spilet op 3 en 10 febrewaris Chez Dolly. Skreaun troch Jose Frehe en Rob van Vliet en oerset troch Gerda van der Wijk.

Chez Dolly is in nachtklup en it ferhaal fertelt jim it wol en wee fan ferskate typkes. Dy’t allegear ferbûn binne oan dizze nachtklup. It binne komyske en minder komyske saken dy’t nei wy tinke en hoopje jim hielendal yn de besnijing ha sil. Ek de muzyk is in wichtich ûnderdiel fan dizze foarstelling.

,,In bysûnder toanielstik wêr't wy mei in hiele protte nocht en wille elke repetysje oan wurke ha. Sadat wy jim in prachtiche jûn besoargje kinne en dat dat slagje sil binne wy wol fan oertsjûge. Want der sitte prachtiche rollen yn dit stik en it dekor en de klean binne mear as it besjen wurdich.”

Kaarten binne fanôf 15 jannewaris te krijen by Gauke & Annie vd Mei, Tsjerkebuorren 7, Dr. Compagnie 0512-341729.

Kaarten yn de foarferkeap €8 euro, kaarten oan de kassa €10 euro.

Beide jûnen begjint it stik om 20.00 oere yn seal Aans oan de Alde Wei yn Drachtster Kompenije. Beide jûnen is der dûnsjen nei mei in moai stikje musyk.


Auteur

Redacteur