Violeria De Pein spilet De sekte fan Swami

DE PEIN

Toanielferiening Violeria spilet de kommende twa wykeinen op freed en saterdei yn doarpshûs De Wringe yn De Pein de klucht De sekte fan Swami. It begjint alle jûnen om 20.00 oere. It ferhaal giet oer twa feinten, dy’t nijsgjirrich binne wat de sekte fan Swami Sri Ramshni docht. Sy ha heard dat der nochal wat moaie froulju omstappe en it liket har skoan ta om ek lid te wurden.

Kaarten foar it earste wykein binne te bestellen op 372166, foar de lêste jûnen op 372427.


Auteur

Redacteur