Nanne & Ankie zingen over vuurtorens & eilanden

OUDEGA/BURGUM

 Nanne Kalma en Ankie van der Meer uit Burgum spelen zondagmiddag vanaf drie uur hun programma Vuur op de Zuidpunt in de Skippersseal in Oudega.

Tekst Fokke Wester Het liedjesprogramma ging in september in première in De Skâns in Gorredijk en de komende drie jaar zijn ze er mee op pad. Vuur op de Zuidpunt omvat twintig liedjes over vuurtorens, eilanden en de vuurplaats op Schokland. Vuurtorens zijn belangrijk voor Kalma en drie daarvan zijn voor hem heel speciaal. Dat begon met de vuurtoren van Den Helder, de Lange Jaap. ,,Dy seagen wy as bern op de camping by Petten, by peal 19. Dan seachst yn'e fierte dat ljocht draaien, dat fassinearre my.'' Dûnseres ,,Myn twadde fjoertoer wie de Brandaris op Skylge, doe wie ik seis. Us heit sei: 'dit is in fjoertoer', mar dat leaude ik net. It wie it moaiste gebou dat ik oait sjoen hie, mar it seach der foar my net út as in foertoer. Oant de lampen oan gienen. Ik wit noch dat ik der ûnder stie te sjen nei dy ljochtstralen en it gefoel hie dat it in reuseftige dûnseres wie, dy't mei har lange earms de horizonten rekke. En de tredde fjoertoer dy't foar my spesjaal is stiet by Warkum, dêr't wy yn 1980 foar it earst by de Strontrace belutsen wie.'' Vuur op de Zuidpunt vertelt ook het verhaal van Schokland, het voormalige eiland in de voormalige Zuiderzee. Kalma kwam er voor het eerst toen hij op verzoek van het Museum in Enkhuizen een programma maakte over de Zuiderzee. ,,Dan dochst wat ûndersyk en dat eilân, dat rekke my. Ik hie der noch noait west, mar ik hie it gefoel dat dat wol sa wie, ik koe it, dat wie sa yndrukwekkend. It eilân is yn 1859 ûntrûme doe't it wetter hieltyd heger kaam, mar de fjoertoer moast wol bemand bliuwe.'' Toen de toren later ook verdween bleef er alleen een vuurplaats over, maar ook daarvoor moest altijd iemand op het eiland blijven om 's avonds het vuur aan te steken. ,,Dan sietst dêr allinnich. In pear fan dy mannen ha dêr it ferstân ferlern. It wie ek in hiel makaber plak, mei dy ruïne fan de tsjerke. As it stoarme fleach it wetter oer dy súdpunt hinne en troch de golven kamen ek de grêven iepen te lizzen, dan leinen de bonken oeral. Ien fjoerstoker is der ôfhelle en dy kaam yn in tehûs. Nei in pear jier wie er wer opknapt en doe hat er help socht en krigen. In skip kin ferdwale, mar in minske soms ek.'' Motel Vuur op de Zuidpunt is een nieuw programma, nadat het duo zes jaar lang op pad was met twee programma's over de Verenigde Staten. Het eerste ging over Henry Hudson en de Halve Maan, het tweede over Pieter Stuyvesant, oftewel Pieter Poot. Beide programma's zijn door Nanne en Ankie ook gespeeld in Amerika. ,,It twadde programma, dat wy spilen mei Tseard Nauta, is oerset as Old Silver Leg, de bynamme fan Stuyvesant. Wy ha der mei op festivals stien en soargen dan dat wy ûnderweis ek op ferskillende plakken spylje koenen. Sa wurdt sa'n fakânsje fan tsien wiken echt in feest. Komst by allegear minsken thús en boust echt in hiel grutte freonekring op. Wy ha op de twadde reis mar trije nachten yn in motel sliept.'' Nanne Kalma en Ankie van der Meer zijn muzikale globetrotters. Ze speelden ook in Australië, vorig jaar nog in Zuid-Korea en komende zomer spelen ze in Portugal. Veel uitnodigingen danken ze aan hun uitgebreide repertoire in het Esperanto, de kunstmatige wereldtaal. In Zuid-Korea waren ze op uitnodiging bij het Wereldcongres, om concerten te geven en workshops te verzorgen. ,,Wy ha der twa wiken oan it wurk west en doe noch twa wiken om ús hinne sjen kinnen. Kommende simmer is dat kongres yn Lissabon en ek dêr binne wy foar frege. Op wei derhinne en ek werom jouwe wy op ferskillende plakken ek wer konserten en spylje wy op festivals. Sa wurdt it in echte muzykfakânsje. Ja, in toernee troch Frankryk en Spanje, sa kinst it ek neame.'' Miskend In Friesland speelt het duo naar verhouding weinig, stelt Kalma vast. ,,Wy sitte blykber net sa yn it sicht fan de Fryske Krites. Wy binne faker yn it bûtenlân. Yn maaie spylje wy yn Ingelân en twa kear yn Frankryk en België, dan moatte wy hast elk wykein de grins oer. Nee, wy fiele ús hjir net miskend, it is allegear prima. In pear kear yn't jier spylje wy in folslein Frysktalich programma, mar dat repertwaar groeit mar stadich.'' ,,Der moat altyd in oanlieding wêze om wer wat te skriuwen en dat kin ek in útnoeging wêze. Sa is Lissabon de oanlieding foar wat nije lieten. En as ik net ergens foar frege wurd, sykje ik wat oars. Mar de gelegenheid stjoert my en as wy hjir net safolle mear spylje, rekket it Frysk stadichoan wat nei de achtergrûn. Mar nei seis, sân jier ha wy faak wol wer genôch foar in nije cd.'' Nanne Kalma heeft in de Friese muziekwereld een gigantische status opgebouwd, via pop- en folkbands in de jaren zestig, Irolt in de jaren zeventig en tachtig en daarna samen met Ankie, in de groepen Kat yn’t Seil, Liereliet en Kajto en losse projecten. Alles bij elkaar opgeteld komt hij op rond de veertig elpees en cd's. ,,Ik fyn it wichtich dat dy albums der binne, oars hie ik alles kwyt west. Hoech ik my dêr teminsten gjin soargen oer te meitsjen. Ik bín wol in protte kwytrekke, mar dat komt ek omdat ik konstant muzyk yn'e holle ha. Soms, as ik in hiele moaie meldij ha, lis ik it fêst. En dat giet no folle makliker as froeger. Mar ik lit it ek wolris sitte. Want ik wit dat der wol wer wat nijs komt as ik muzyk noadich ha. Dat fertrouwen haw ik sa stadich-oan wol.'' Echt stinnen Vroeger schreef Kalma vooral muziek bij teksten van anderen, maar sinds het programma over de Batavia in 1990 schrijft hij ook de meeste teksten zelf. ,,Yn de tiid fan Irolt prate ik noch mar krekt Frysk en boppedat krigen wy teksten fan hiel goeie skriuwers. Foar Batavia hie ik ek ien frege om teksten, mar dy kamen mar noait. Doe bin ik sels mar begûn te skriuwen en dat blykte hiel leuk te wêzen. Sûnt dy tiid skriuw ik Nederlâns, Frysk, Esperanto, mar krekt wat ik op dat stuit noadich ha. It makket it in stik makliker, al haw ik der no sels wol mear wurk fan. It skriuwen is in hiel gepuzel. Ik wol der gjin stoplapen yn ha en it moatte moaie rymfoarmen wêze. Ik hâld fan rym en binnenrym, mar dat is wol echt stinnen. Mar de muzyk? Ik stap eefkes nei bûten en pluk it sa út'e loft. Dat is ek de reden dat ik hast net nei muzyk fan oaren lústerje, want dat hellet de eigen muzyk út myn holle.'' ,,Doe't ik yn 1964 foar it earst in ferske fan de Beatles hearde, feroare yn twaënheale menút myn hiele libben. Ik tocht: wêr komt soks wei? Ik besocht it sels te meitsjen, mar ik koe it net. Hiel selden sykje ik nochris wat op, op Youtube of sa, ek wolris fan de Kinks. Ik soe no gjin twintich mear wêze wolle. Der barre hiele moaie dingen en ik genietsje fan de energy fan bygelyks dy hiphop, mar ik soe der no net mear by stean wolle. Ik libje rjochtút en genietsje fan it âlder wurden, mar ik sit al in heale ieuw yn de muzyk. Wy wienen yn desimber by de Vrouwen van Nu en doe spilen wy by de krystnûmers ek dat lietsje fan John Lennon. Dat is fan 1972, dus ek al hast fyftich jier âld, mar elkenien song it mei. Sa'n lietsje heart by dyn libben.'' Irolt-reünie Kalma leeft bij de dag en houdt niet van terugkijken. Aan de reünie van Irolt twee jaar geleden gingen dan ook jaren van verzoeken vooraf. ,,Ik haw it hiel lang keare kinnen, ik wol leaver wat nijs tafoegje. Dat wie dan ek myn betingst om wer by inoar te kommen, dat der ek wat nijs út fuortkomme soe. Likegoed wie it wol hiel moai om as groep de fjirtichste jierdei te fieren fan dy earste Irolt-LP, de Gûdrûn Sêge. It is ek moai dat wy der allegear noch wienen, dat is ek net fanselssprekkend. Ik ha der hiel bot fan genoaten, mar net op in nostalgyske manier. It wie weromsjen sûnder nostalgy. It wie doe moai, en no ek.''

Auteur

Fokke Wester