'Waarmte en leafde' als gage voor WybeMuzyk

DRACHTEN

Wiebe de Vries uit Drachten maakte dit najaar een tournee langs verzorgingstehuizen in Friesland. Het bleek een perfecte etalage voor de artiest: de agenda staat al weer vol tot en met mei.

Tekst Fokke Wester  Wiebe de Vries, vrijdag 5 januari wordt hij 65, plaatste vorig voorjaar een oproep op Facebook. Hij zat ruim in de vrije tijd en bood aan om vijftien gratis muziekoptredens te geven in verzorgingstehuizen. Hij verwachtte er niet zo veel van, maar hoopte dat er genoeg  reacties zouden komen om vanaf september elke week ergens te kunnen spelen. ,,Dan soe ik in kear as fyftjin, sechstjin op paad kinne, betocht ik yn alle ûnskuld.'' Overweldigend De reacties waren echter overweldigend. In tien dagen tijd kwamen er vele honderden mails en berichten binnen, met aanvragen namens in totaal 110 verzorgings- en verpleeghuizen. ,,Ik wist net iens dat der yn Fryslân safolle wienen. It útsykjen fan al dy mails en it yn byld krijen fan al dy oanfragen hat my wiken koste. Myn oprop wie miskien wol wat nayf hear, mar sjochst fuort ek de impakt fan de soasjale media.'' De zanger besloot het aantal gratis optredens te verdubbelen tot 35, maar uiteindelijk bleek ook dat aantal bij lange na niet voldoende. De afgelopen drie maanden zag de geboren en getogen Drachtster zijn provincie dan ook van alle kanten, van Ferwert in het uiterste noorden tot Wolvega, Lemmer en Wytmarsum aan de westkant van de provincie. Nostalgia ,,De earste kear wie begjin septimber yn Dokkum, yn Dongeraheem. Dan bist dochs wol wat nerveus, hear. Ik hie spesjaal foar de tehûzen in programma makke, Nostalgia, mei in miks fan rock en pop út de jierren '50 en '60, grutte hits, evergreens, skoalleferskes, harksankjes en meisjongers, fan alles wat. Ik hie der ek wat medleys by, fan Eddy Christiani, Elvis, Cliff, wat Nederlâns en wat Frysk. Hieltyd fan in pear nûmers in kouplet en in refreintsje. Dat is in behoarlike súksesformule, de minsken fine it leuk om mei te sjongen.'' De Vries kent veel liedjes en heeft genoeg ervaring als entertainer. Hij speelde als puber op de middelbare school al in bandjes, zag een loopbaan in de muziek wel zitten en maakte in de jaren zeventig deel uit van verschillende coverbands. ,,Dat neamden se doe Top40-bandsjes, no Top100. Ik spile bas, mar wie ek leadsjonger, dus ik wie ek de frontman dy't alles oankundige. Dêrnjonken fersoarge ik meastal ek de boekings en sa foar de bands. It wie semi-profesjoneel, mar op in stuit gie elkenien dochs wol in oare rjochting út. Dat wie doe sa. Muzykmeitsje wie foar de jeugd, ast ien kear in jier as tritich wiest, dan waard it dochs wolris tiid foar it searieuze wurk.'' Burn-outs Wiebe de Vries kwam bij toeval in een drukkerij terecht en heeft zijn hele loopbaan in de grafische wereld doorgebracht, als accountmanager. Na twee burn-outs, waarvan de tweede heel heftig was, is de Drachtster anderhalf jaar geleden vervroegd gestopt met werken. ,,Wy leveren finansjeel wol yn, mar dêrmei kocht ik myn frijheid werom en rêst yn'e holle. Mar ja, dan moatst wat oars en ik hie gjin sin om achter de geraniums te sitten, sa't se dat dan neame. Frijwilligerswurk like my wol wat, mar der ride al genôch minsken op buskes of by de Voedselbank. Muzyk wie foar my in logyske keuze en ek de kombinaasje mei de soarch wie foar my net sa frjemd, dêr hie ik wol affiniteit mei. Ien fan myn lêste banen wie as accountmanager by de drukkerij fan de soasjale wurkfoarsjenning fan de gemeente Grins.'' De Drachtster speelt gitaar en zingt, maar dankzij de moderne apparatuur die hij aanschafte kan hij het laten klinken als een heel orkest. ,,Dy apparaten meitsje myn gitaarlûd breder, dan kin ik der bygelyks fioelen by klinke litte. En troch in voice-live oan te sluten op myn gitaar kin ik trijestemmich sjonge. Mar der sit gjin drumstel en fan alles yn, sa ast se wolris op feestjes spyljen sjochst mei in keyboard. En it is ek net in auto-tune, dy't dyn stim omfoarmet sadatst  net mear falsk sjonge kinst. As ik falsk sjong, dan klinkt it ek echt falsk.'' Allemaal feestjes De optredens waren tot nu toe allemaal feestjes, zegt Wiebe de Vries. En dat blijkt ook te gelden voor zijn publiek: alle tehuizen waar hij tot nu toe speelde hebben hem al weer terug gevraagd. ,,Ik hear wolris ien sizzen: dat wie in moaie stunt fan dy om oan'e bak te kommen, want setst dysels sa wol hiel moai yn de etalaazje. Mar earlik wier, dat hat foar my net in tel meispile. It wie in bykomstichheid dêr't ik echt noait rekken mei hâlden ha.'' Vaak stond hij voor een volle zaal, een andere keer speelde hij voor vier demente bejaarden. ,,En beide kearen wie it fantastysk. Ik spile by Voltawerk yn De Gordyk yn de húskeamers, foar hieltyd mar in man as fjouwer, fiif. Ik hie twa húskeamers hân en der waard foarsichtich, mar wol hiel moai meisong. Doe kamen wy by in oare groep en sei de begeliedster: dizze minsken binnen mear yn harsels keard, dus mar efkes sjen hoe’t sy hjir op reageare. Mar ferwachtsje der net te folle fan.” ,,Ik begûn te spyljen: in hiel âld ferske en hiel stadich, en nei in menút as twa kaam ien fan dy kopkes omheech. Dy frou song hiel foarsichtich mei en dêrnei kamen ek de oare trije en ek sy songen sachtjes mei. Ik spile mar in kertier per húskeamer, mar doe't ik fuortgie lei dy frou de hân op myn earm. ,,Wat ha wy in moaie middei hân'', sei se. ,,No kinne wy der wer eefkes tsjinoan.'' Dat is de kracht fan musyk, soks is net yn jild út te drukken.'' Swiebertje   ,,Ik bin net de bêste sjonger dy't der is, en ek net de bêste gitarist, mar ik moat it ha fan myn performance. As ik fernim dat de minsken it net sa bêst neikomme kinne, sjong ik gewoan wat stadiger. Ien dy't optreedt mei in muzykbân, dy kin dat net. En ik fertel tusken de ferskes troch ek oer froeger. Sa haw ik bygelyks in medley fan âlde telefyzjeferskes, Pipo de Clown, Swiebertje, Ja Zuster Nee Zuster. Dan fertel ik hoe't der by ús yn'e buert froeger mar ien gesin mei in telefyzje wie, dêr't wy op woansdeitemiddei as bern hinne gienen te sjen.'' ,,De ferpleechsters dy't der by sitte ha dan gjin flau idee wêr't ik it oer ha, mar dy bewenners herkenne soks wol. It is net samar in keunstke wat ik doch, it komt út myn hert. En de minsken fiele wol ofst it mienst of net. It oprûmjen nei ôfrin duorret faak folle langer as noadich, elkenien wol eefkes in praatsje meitsje. Dan fernimst ek dat it oansprekt.'' Handiger Van het vele spelen is Wiebe de Vries niet rijk geworden, maar wel beter. ,,Elk optreden is eins in live-repetysje en ik groei der hieltyd better yn. Ik bin folle handiger wurden yn it brûken fan de apparatuer en de ferhalen komme no ek makliker. Yn de rin fan de tiid begjinst dyn programma te finetunen: der komme nûmers by mar der falle ek wer oaren ôf. Wat my ek opfalt is dat de minsken faak bliid binne dat ik mei myn gitaar kom. Dit is wer ris wat oars as in shantykoar of in akkordeon, size se dan.'' Het grootste succesnummer is het liedje Ik Hou Van Jou van Maribelle, ook bekend van Gordon. Wiebe de Vries maakte er zijn eigen Friese versie van. ,,Dat rekket se echt. Moatst net ferjitte dat der in hiel soad âlderen binne dy't harren man of frou ferlern ha. Ik spylje dat dan ek meastal flak foar de pauze, dan ha se eefkes tiid om mei in bakje kofje by te kommen. In oar populêr ferske is Ik Zou Wel Eens Willen Weten, fan Jules de Corte. Mar it is net allegear sa searieus hear, der wurdt ek in protte lake. Het Kleine Café Aan De Haven wurdt altyd út folle boarst meisong, sawol yn Dokkum as yn De Lemmer. En soms wurdt der sels dûnse, by nûmers as ‘Do you wanna dance’ bygelyks skowe de ferpleechsters mei de rolstoelen troch de seal.'' Buikgriepepidemie De serie gratis optredens is nu bijna voorbij: er staan nog een paar gepland in het nieuwe jaar, waaronder in Joure en Sneek. Iets dichterbij huis volgen binnenkort optredens bij Stellinghaven en Rikkingahof (beiden Oosterwolde), in Appelscha en De Wiken in Drachten, waar het eerder moest worden afgelast vanwege een lokale buikgriepepidemie. Vanaf nu vraagt de Drachtster een kleine gage en reiskosten, want ja, de auto rijdt niet op water. ,,Ik ha der ek in protte yn ynfesteard en it dekt de kosten noch lang net, dus ryk sil ik der noait fan wurde. Ik sil aanst wol minder faak blommen mei nei hûs nimme, of pakketsje fan de bakker of sa, want ek al komst fergees, faak krijst dochs wol wat. Mar dan kin ik dy blommen tenei sels keapje.'' De prijs blijkt geen belemmering, want de agenda staat al vol tot en met de maand mei. Waar Wiebe de Vries straks voor de tweede keer optreedt, wil hij wat meer popnummers brengen. Ook verzoekjes zijn mogelijk. ,,Ik ken tûzenen nûmers út'e holle, faak net hielendal, mar wol in stikje tekst en in refrein. As it in bytsje kin, dan spylje ik it. It skeelt ek dat ik allinnich spylje, mei in band giet soks minder maklik.'' Spijt dat hij niet eerder voor een muzikale carrière heeft gekozen, heeft Wiebe de Vries niet. ,,Wat is spyt? It rint sa't it rint. Wy tochten yn ús jonge jierren echt dat it muzykmeitsjen net ivich trochgean koe. Ast no Willie Nelson sjochst, dy is oer de tachtich en spilet noch, dus it hie wol kinnen. Mar ach, weromsjen hat net folle sin en ik ha likegoed ek yn myn wurk in moai libben hân en geweldige jierren meimakke. Mar wat ik no doch befalt my echt fantastysk, it hat in hiel goed beslút west. Dit is tankber wurk, ik krij der sa'n protte waarmte en leafde foar werom.'' Voor meer Informatie en/of boekingen: Mobiel: 06 – 4678 7789 E-mail: wybemuzyk@gmail.com Facebook: WybeMuzyk & Wiebe de Vries

Auteur

Fokke Wester