Durk Oosterhof opnij listlûker FNP Smellingerlân

DRACHTEN

 Ek de ledegearkomste fan de FNP Smellingerlân hat de list foar de kommende riedsferkiezings gearstald. Sittend riedslid Durk Oosterhof wurdt opnij listlûker.

Durk Oosterhof, biologysk boer op It Súd, krige wer it betrouwen fan de leden en waard oanwiisd as listlûker. Op nûmer twa is kommen Wietze Lap, rekreaasjeûndernimmer op'e Rottefalle en earder riedslid foar GrienLinks. Beide binne ek wurksum yn it middelber beropsûnderwiis. It tredde plak wurdt ynnommen troch in nijkommer, sosjaal wittenskipster Kim Tsai, ek fan de Rottefalle. It nije program set yn op in maatskippijfyzje dêr't ek de net op jild te setten ekonomyske faktoaren (miljeu, geastlik wolwêzen, ensafierder) tige yn meiwoegen wurde.

Auteur

Fokke Wester