Tryater spilet Wat Jo Wolle yn It Werflân

DE ROTTEFALLE

  Tryater spilet  saterdei 25 novimber jûns fan 8 oere ôf yn doarpshûs It Werflân har stik Wat jo wolle.

Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: de ideale teaterjûn! Fjouwer akteurs besykje út te finen wat it publyk no eins echt sjen wol. Hja sille noch mear as oars alles yn it wurk sette om it publyk it nei 't sin te meitsjen. Mei ultime leafdessênes, in klucht mei doarren, it publyk kin foarôf oanjaan wat it graach sjen wol. De kaartferkeap kin dien wurde yn ‘t foar by Alie Jager oan de Rydwei 24, tel 0512- 510410, email: hielke_aliejager@kpnmail.nl Joop Mast, tel. 0512-342218,email: joop.mast@ziggo.nl of rjochtstreeks by Tryater: ynfo@tryater.nl.

Auteur

Fokke Wester