In topdei foar Strjit- en Muzykfestival Easterbarren

EASTERMAR

Yn Eastermar wie it saterdei mei de santjinde edysje fan strjit- en muzykfestival Easterbarren wer in topdei.

Wylst der yn Drachten en de Rottefalle noch hoasbuien wienen yn de rin fan’e middei, foelen der yn Eastermar amper in pear drippen. Dat spile de organisaasje geweldich yn’e kaart fansels. Om healwei trijen wie de iepening mei de Fryske troubadours Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Griet Wiersma en Anneke Douma, yn gearwurking mei it Eastermarder koar Koardinaasje. Doarpsplein it Breed stie doe stampende fol. Tusken trije en sân oere waaiere dat publyk allegear út oer de smûke doarpskearn fan Eastermar, dêr’t op tolve poadia in grut ferskaat oan artysten ‘acte de présence’ joech. Bands, solisten, dûns, exposysjes fan skilders en in natoer-fotograaf. Minsken koene in slachje de Burgumermar op mei it Eastermarder skûtsje. Of jo koene skûtsje de Rot út Rottefalle, dat oan it Wâltsje oanmeard lei, besjen en ferhalen dêroer hearre. Der wie in Virtual Reality Room … Fan sân oere ôf konsintrearre it gehiel him op it haadpoadium op it Breed. Dêr soargen efter elkoar oan: de troubadours, de band Vreemdt út Sumar, Compromise út eigen doarp, en ‘húsband’ Lechery dat it oant in oere as alve, tolve noch hiel gesellich wie yn Eastermar. Tsjin’e ein fan de jûn wie der omtinken foar it ôfskie fan Jannes Hamstra as foarsitter fan de Stifting Easterbarren. Mar leafst 17 jier hat hy mei de karre lutsen. Terjochte dan ek dat it manmachtige publyk him tasong: 'Jannes bedankt! Jannes bedankt!' Foar wa’t in ympresje krije wol: www.easterbarren.nl

Auteur

Fokke Wester