Easterbarren in Eastermar met bands en Fryske sjongers

Drachten

Yn Eastermar fynt sneon 2 septimber wer it Easterbarren plak.  It is de kommisje wer slagge om in prachtich programma gear te stallen. Ofwikselend, fernijend en ek wer fertroud.

Om 14.30 sille Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Griet Wiersma en Anneke Douma mei it Eastermarder koar Koardinaasje it festival iepenje. Sy wurde begelaad troch Lechery. Om 15.00 oere kin men wer mannich rûntsje troch it doarp meitsje. Tolve poadia steane fol fan dûns, kabaret, muzyk ensfh. Der binne in grut tal strjitartysten dit kear. Guon op in ‘fêst’ poadium en guon op ferskate plakken. Foar de bern is der wer smynken en in superleuke tegekke akt fan Geer de Brandweer. Foar de lefgozers in viruele beleving by VRROOM. Dûnsers fan Dance with Discipline komme in demonstraasje en in workshop jaan.  Fierders binne der fiif nije bands; ûnder oare Freight Train en Fifty-Fifty út Eastermar. By Meerzigt is it poadium no op it terras. Dus lekker ite en drinken tidens de spetterjende muzyk fan bgl. The Roaring Twenties Small Band; in achtmans formaasje mei bazers, banjo, piano ensfh. Of wer eefkes de mar op mei it eigen skûtsje ‘It doarp Eastermar’ ûnder de lûden fan celliste Hanneke Rouw, Moonvalley of Dûbel Twa. Ek de seal fan Meerzigt stiet wer ta beskikking; It duo Eaglefield en Gerbrich & it Grutte Guod binne dêr ûnder oare fan de partij. Om 19.00 oere giet it festival troch op it haadpoadium mei de fjouwer Fryske sjongers Gurbe, Piter, Griet en Anneke. Oant krekt foar alven is it swinge op It Breed. Dit alles wurdt mooglik makke troch: de frijwilligers, de donateaurs, de haadsponser, alle oare sponsoren, de adfertearders, de gemeente Tytsjerksteradiel, de artiesten, alle bewenners dy’t oan de rûte wenje en troch it publyk. Tagong fergees.

Auteur

Redactie