Pontbaas Jan Zwager krijgt geen genoeg van heen en weer (met 2 filmpjes!)

DE VEENHOOP

/OUDEGA - Jan Zwager neemt altijd de krant mee naar zijn werk als pontbaas op de Hooidammen. ,,Mar oan lêzen kom ik eins noait ta.''

Tekst en foto's Fokke Wester Jan Zwager (64) uit Burgum is een van de vier schippers op de Grietman, de pont tussen de Veenhoopster en Oudegaster kant van de Wide Ie. Hoeveel meter dat varen is, hoe vaak hij heen en weer gaat op een dag en hoe vaak hij de vaargeul in al die jaren is overgestoken, Zwager kan het niet vertellen. ,,It wurdt my hast alle dagen wol frege, mar soks hâlde wy net by.'' Gamen Neem bijvoorbeeld de overtocht, die is nooit gelijk, weet de Burgumer. ,,It is gemiddeld sa'n seis menuten, mar soks hinget fan de wyn en de streaming ôf, mar ek fan de drokte. As ik fan de Headammen nei de Feanhoop moat en der komme in protte boaten fan de kant fan Drachten, dan foegje ik altyd eefkes yn de rige yn en far in eintsje mei yn de stream, om dan letter wer nei de wâl te stjoeren.'' Dat sturen gebeurt trouwens niet meer met een stuurwiel, maar met een hendeltje van een centimeter of vijf. ,,Ja, wy ha in pynter pookje. It liket bytiden hast op gamen.'' De pont bij de Veenhoop kent geen dienstrooster. Als de boot vol is, en dan staan er maximaal vijftig mensen aan boord, vaart hij uiteraard naar de overkant. ,,Mar as der mar ientsje is en ik sjoch fierder gjinien mear oankommen, fertrekke wy ek. Of de klant moat sizze dat er wol eefkes wachtsje wol. Soms ha de minsken ferlet fan in praatsje en dan wolle se wol eefkes sitten bliuwe oant der mear passazjiers komme. Dat mei fansels ek. Fan'e wike hie'k in frou oan board mei fersliten knibbels, dy siet op it bankje om har hinne te sjen en sei: wat fyn ik dit moai, mei ik wol sitten bliuwe? Jawis, as it net te drok is kin dat bêst, en op it selde kaartsje. Hat se noch twa kear mei oer west.'' Gewriemel De overtocht is voor veel fietsers een welkome onderbreking, weet Zwager. Niet alleen kunnen ze even rusten, maar het is ook een mooie afwisseling tijdens een fietstocht, omdat ze even rustig om zich heen kunnen kijken naar dat gewriemel op het drukke waterknooppunt. ,,Se sitte eefkes yn in totaal oare wrâld. Soms witte minsken net wêr't se hinne moatte en dan jou ik wolris wat tips. Ik wiis harren op museums yn'e buert, it Arkje fan Rink van der Velde of Drachten. Dan fiel ik my suver in farrende VVV.'' De vier schippers zijn in dienst van Caparis en worden gedetacheerd bij de gemeente Smallingerland. Ze draaien diensten van vijf uur, dus elke dag zijn tussen tien uur 's ochtends en acht uur 's avonds twee schippers in touw. Daardoor vaart de pont continu door. Tot drie jaar geleden kon de pont toe met een schipper per dag. Van de Arbo moesten de twee halve uurtjes pauze echter een heel uur worden. ,,Doe ha wy sein: dat kinst de minsken net oandwaan, dat se in oere wachtsje moatte. Stel datst dêrnei by Grou ek wer krekt de skipper yn syn pauze trefst, dan komst noait wer fuort.'' Veel mensen fietsen de Pontjesroute, waar ook de Grietman deel van uitmaakt. Zwager had laatst een vrouw aan boord die zich nog kon herinneren dat het overzetten bij de Hooidammen vroeger werd gedaan door de boer die vlakbij woonde. Fietsers konden bij hem in de schouw mee overvaren. ,,Mar as er oan it melken wie, sei se, dan molk er wol earst dy ko dien. En dat koe noch wolris duorje.'' Nooit ongelukken Het is druk op de Hooidammen en de pont moet elke keer dwars oversteken, maar echte ongelukken zijn er nog nooit gebeurd, weet Zwager. Eén keer schoot het skûtsje van Earnewâld, dat aan de wal lag, los van het spit toen de bemanning het zeil hees. ,,En dy botste tsjin ús oan. En dit jier hienen wy hast in botsing mei in bestjoerder fan de SKS, dy seach ús net en farde rjocht op ús ôf. Ik joech sinjalen en hy koe op it lêste momint noch bydraaie. Soks ha wy elk jier wol in kear, mar gelokkch is der noait echt wat. En foar it gefal dat, lizze der fyftich rêdingsfesten yn de bak njonken de stjoerhutte.'' Zelf kan de schipper op het ruime water in noodgevallen niet echt wat uitrichten met de lompe bak die een pont nu eenmaal is, weet Jan Zwager. ,,Mei in rjochte foar- en achterkante kinst net echt wat. Yn de midden sit in ferdjipping mei oan beide kanten in roeras en in skroef. By de wâl set ik him yn de achterút om te remjen, mar op it iepen wetter wurket dat net, want dan hast gjin tsjindruk. Dan bist wol tsien meter fierder foardat er begjint te minderjen. By de oertocht giet de motor altyd al hiel gau út en dan driuwt er wol fierder nei de wâl.'' Race ,,Wy meitsje der noait in race fan. Allinnich mei it Feanhoopfestival farre wy fol gas, mar as it net sa drok is rint de motor hast stasjonêr. Dy motor is trouwens deselde as fan in hydraulysk kraantsje, dy is der acht jier lyn yn kaam. It is in trije silinder mei sa'n 50, 60 pk. Dat is sterk genôch hjirfoar.'' Zwager kan honderduit vertellen over zijn werk, maar wie wil praten met de schipper kan dat tijdens de overtocht wel vergeten, want dan heeft de stuurman al zijn aandacht nodig voor het varen. ,,It praat komt wol by it ôfrekkenjen, mar op it wetter sjoch ik foarút en opside, mar ek achter my. Se kinne oeral weikomme. De measte boatsjeminsken farre foar har plesier en sjogge faak te min om har hinne.'' Tien jaar lang voer Zwager op de pont van Earnewâld, de Hinne en Wer. Ook leuk, zegt hij, dat pontje vaart makkelijker, maar toen de bediening zwaarder werd kon hij dat lichamelijk niet meer aan en verkaste hij weer naar de Grietman. ,,Dit is prachtich wurk. Ik haw al sein: as ik aanst mei pinsjoen moat, meie se my wol belje as se oan sitte, dan doch ik it fergees. It ferfeelt noait, der is altyd wol wat te dwaan. Ik ha de krante altyd mei, mar ik kom der eins noait oan ta om te lêzen.'' E-bike In de bouwvak draait de pont continu door, maar na het seizoen wordt het snel rustiger. De Grietman gaat dit jaar na het laatste weekeinde van september uit de vaart. ,,Dan is it dus al 1 oktober, mar dat wykein meitsje wy fansels gewoan dien.'' Het was een goed seizoen, weet Zwager nu al. Het fietsseizoen begint steeds eerder en het gaat langer door. En de voornaamste reden daarvoor, zegt hij stellig, is de elektrische fiets, de E-bike. ,,Dat skeelt echt enoarm. Ik tink dat wol 60 persint tsjintwurdich elektrysk fytst. It belangrykste foardiel fan de E-bike is: se ha gjin lêst mear fan de wyn, en dêrtroch fytse se langer troch en doarre se ek fierder fuort. Der binne no echt folle mear âldere minsken dy't fytse. Ik sjoch in hiel soad minsken faker lâns kommen, dat binne hast fêste klanten. Lêst wolris dat der ek mear ûngelokken mei E-bikes binne, mar dan freegje ik my ôf: ha dy ûndersikers wol yn'e gaten om hoefolle minsken it wol net giet. Ik fyn it krekt belangryk dat al dy minsken der no út komme. It is allinnich mar moai, want oars bleaunen se achter de geraniums sitten.'' Veerpont De Grietman deze week: Veerpont De Grietman in 2016

Auteur

Fokke Wester