Tom van Mourik wil in Smallingerland niet alleen op de winkel passen

DRACHTEN

Tom van Mourik (60) is sinds 15 juli burgemeester van Smallingerland, in elk geval voor anderhalf jaar. Hij werd meteen in het diepe gegooid, met een spoeddebat over de bouwperikelen bij De Lawei.

De nieuwkomer trad aan in een roerige periode. Zijn functie ging op zaterdag in en meteen de dinsdag daarna volgde het spoeddebat over het Laweidebacle. Van Mourik toonde zich daarin een ervaren en bekwaam bestuurder, hoewel hij nog niet alle namen en procedures paraat had. Maar hij bleef rustig en toonde overzicht en humor. ,,Humor heart der ek by, by sa'n swier ûnderwerp. Ik ha fuort yn it begjin sein: het waren vijf fantastische dagen. Moatst op sa'n stuit ek in grapke meitsje kinne.'' Scherp De conclusie die Van Mourik uit dat eerste debat trekt is dat de gemeenteraad van Smallingerland scherp kan zijn, maar dat de fracties goed naar elkaar luisteren. ,,En úteinlik is der sein: wy wolle dat ûndersyk, mar wy rjochtsje de blik ek nei foaren. Dat fyn ik gewoan goed. As wy de blik nei de takomst rjochtsje, dan past der net by dat wy eindeloas prosedeare.'' Van Mourik wees al tijdens het debat op zijn ervaring als wethouder van Cultuur in Leeuwarden. De ene week vierde hij daar in 2005 met een taart het tienjarig bestaan van Stadsschouwburg De Harmonie en een week later maakte hij het slot mee van tien jaar procederen naar aanleiding van een arbitragezaak tegen de Harmonie. ,,Dat binne trajekten, dat moatst eins net wolle. Dêr wie de gemeente sels noch de opdrachtjouwer en hjir wie de gemeente dat perfoarst net.'' Het scheelt dat verantwoordelijk wethouder Marja Krans al was opgestapt, erkent Van Mourik, anders was het een heel ander debat geworden. ,,Miskien hiest dy ek ôffreegje kinnen ast dan it debat noch wol trochgean litte moast. Wat wy de kommende twa moanne dwaan moatte, is ôfwachtsje wêr't de ChristenUnie mei komt as kandidaat opfolger fan frou Krans en dan moatte wy ek sjen hoe't de portefeuilles ferdield wurde moatte. Ik ha net it idee dat se ta wolle nei in oare koalysje, mar dat moatst harren sels freegje. Dêr ha ik ek net in rol yn, ik stean boppe de partijen.'' Vertraging Van Mourik is voor anderhalf jaar benoemd in Smallingerland en dat maakt met de 5,5 jaar dat hij waarnemend burgemeester was van Menameradiel zeven jaar: meer dan een volledige periode van een burgemeester die door de Kroon wordt benoemd. ,,En gemiddeld sit in kroanbeneamde boargemaster mar fjouwereninheal hier op syn plak'', zegt hij lachend. De interimfunctie in Menaldum zou eigenlijk per 1 januari 2015 afgelopen zijn, want dan hield de gemeente op te bestaan. Maar de fusie liep vertraging op. Eerst hield Leeuwarderadeel een referendum en meldde zich af, daarna besloot Harlingen zelfstandig te blijven na een volksraadpleging en tenslotte splitste Littenseradiel zichzelf op in drie stukken, die elk bij een andere fusiegemeente moesten worden gevoegd. ,,It like it ferhaal wol fan de Tien Kleine Negertjes. It waard wol hieltyd helderder, mar it koste ek mear tiid.'' Uiteindelijk bleef er een fusie over van Het Bild, Franekeradeel, Menameradiel en een stukje Littenseradiel, die samen per 1 januari 2018 de nieuwe gemeente De Waadhoeke gaan vormen. ,,De húsfesting is klear en de ict is al klear, dus elk wit syn plak. Soks is yn Noard-Nederlân noch net earder fertoand. Ik wie sels foarsitter fan de stjoergroep dy't it allegear tariede moast, mar ik krige sa stadichoan it idee dat ik wol fuort koe. It âlde is ôfmakke en by it nije hearst al net mear.'' Telefoontje Het telefoontje vanuit het Provinsjehûs of hij eens langs wilde komen om te praten met de Vertrouwenscommissie van Smallingerland kwam Van Mourik dan ook niet ongelegen. Veertig minuten duurde dat gesprek. ,,Ik yn myn ientsje tsjinoer tolve, trettjin man. Doe bin ik weromgien nei de wachtkeamer en ha sy oerlein mei de kommissaris. Dan duorje tsien menuten wol hiel lang hear.'' Uiteindelijk kwam het verlossende woord dat de Smallingerlanders het eens waren geworden met CdK Arno Brok. ,,Dat wie wol in moai momint, dat se seinen dat se fertrouwen yn my hienen. Se sochten ientsje mei erfaring, dy't fuort oan de slach koe. Ik ha bewust de eed ôflein, hoewol't ik net kristlik bin, omdat ús heit dat ek altyd die. En nei in goed oere stie ik wer op strjitte, mei in grut bosk blommen.'' Van Mourik maakte met Brok de afspraak dat hij de nieuwe post anderhalf jaar gaat bemannen. Dat is een logische voortzetting van een toch al merkwaardige loopbaan. Van Mourik werkte eerder voor de gemeenten Tytsjerksteradiel en Dongeradeel (Dokkum), zat in de Leeuwarder gemeenteraad en in Provinciale Staten voor de VVD en was ook de eerste niet-eilander wethouder op Vlieland, waar hij vijf jaar bleef. Of hij hierna nog voor een vaste benoeming in Smallingerland in aanmerking wil komen, dat weet hij nog niet. ,,Dat kin ik no noch net sizze. Jo moatte in balâns sjen te finen. Hiel plat sein: ik wol net dat se tinke: hy komt hjir, skoddet syn bêd op, en is wer fuort. Sjochst it by minsken dy't te betiid harren fertrek oankundigje: hy sit der net sa lang mear, wat haw ik noch mei him te krijen.'' Earfol ,,It is net allinnich mar op de winkel passe. Tagelyk is it ek dúdlik dat ik hjir gjin trajekten foar tsien jier hoech út te setten. Ik hoech net de diskusje te starten wêr't Smellingerlân stean moat yn 2040. Mar ik sjoch hjir wol mooglikheden, want Smellingerlân is in prachtige grutte gemeente, 55.000 minsken, dat is wol earfol. Dit is ek in hiel dynamyske gemeente, der bart genôch yn oardel jier. Ik bin no 60 en it leuke dêrfan is dat ik noch maklik ergens twa of trije jier oan de slach kin. Jo wurde frege, komme ergens telâne en meitsje der wat fan. Sa is it no op trije, fjouwer plakken gien en eins is dat ek it alderleukste. Want jo foarkomme dat jo dingen foar de twadde of tredde kear dogge, mar it is lang genôch om noch wat op poaten te setten. '' Als voornaamste taak voor de komende tijd ziet Van Mourik dat de gemeente op een leuke en stabiele manier toe kan werken naar de verkiezingen van maart volgend jaar en daarna de tijd en de mogelijkheden krijgt voor een vlekkeloze collegevorming . ,,It amtlik apparaat moat dêr tsjinstber oan wêze, hiel belangryk. En op it momint dat dy nije klub begjint te rinnen, dan komt der rûmte foar in kroonbenoemde boargemaster. En dan moatte wy marris sjen hoe't dat giet.'' Navigatie Van Mourik kende de gemeente uiteraard wel, vooral de dorpen tussen Drachten en Burgum, waar hij eerder werkte, maar leert nu ook de andere dorpen kennen. ,,Ik haw al twa kear by de súdlike doarpen west en meikoarten wol ik der ek noch in kear op de fyts by del. Minsken yn de rest fan Fryslân ha net heal yn'e gaten hoe moai as it hjir is.'' Ook in Drachten zelf leert Van Mourik opnieuw de weg te vinden. Tussen de middag maakt hij vaak even een kuier door de omgeving en na verloop van tijd zet hij dan de navigatie uit. ,,Dan moat ik sels it paad werom nei it gemeentehûs mar sykje. Ik fyn Drachten hiel bot feroare. En wat my opfoel op myn kuiers: ik seach hûnderten minsken tusken de middei sitten te lunchen, allegear daghoreka. Dat seach der hartstikke gesellich en goed út. Ek kwa bedriuwichheid en wurkgelegenheid sjocht it der hiel goed út. Der gebeurt yn Drachten in hiel soad.'' Van Mourik ziet ook met genoegen hoe in Drachten het oude weer wordt geëerd. ,,Sjochst de âlde struktueren noch hiel moai werom, bygelyks by de Drachtsterfeart. Wat ik wol jammer fyn is hoe't se dat âlde tabaksfabrykje restoreard ha, dêr't de Drachtster Kei prûmtabak makke waard. Dat is restoreard op in manier... dat hienen se ynpakke moatten. Ik ha yndertiid yn Tytsjerksteradiel de monumintesoarch op poaten set en ik wie yn Ljouwert wethâlder monumintesoarch en letter ek op Flylân en yn Menameradiel. Dat is myn hobby. Yn'e Wâlden ha se de omslach meitsje moatten fan: wy slane alles plat en bouwe nij, nei wy behâlde wat wy behâlde kinne. Yn Tytsjerksteradiel ha wy dat besocht by de doarpfernijing. By de iene gemeente kaam dat krekt wat earder op as yn de oare.'' It ferhaal fan Drachten Eén ervaring in zijn eerste dagen in functie is volgens Van Mourik heel tekenend voor Drachten. Hij werd bij binnenkomst van De Lawei , waar hij moest zijn voor een bespreking, begroet door een oude bekende. ,,Dy hie mei my op de legere skoalle sitten yn Ferwert, dêr't ús heit doe boargemaster wie. Syn heit wie lânarbeider en dy is letter nei Drachten ferhûze, omdat der wurk wie by Philips. Dêr krigen se skjin wurk en dat betelle 200 gûne skjin mear yn'e moanne. Dy rol hat dit plak foar in hiel soad gesinnen spile. Dát is it ferhaal fan Drachten. En dat fyn ik eins wol hiel moai.''  

Auteur

Fokke Wester