Centrummanager Trea Westra is fan van Drachten

DRACHTEN

Trea Westra werd in 2015 voor drie jaar aangesteld als centrummanager van Drachten. Ze heeft nog een jaar te gaan. Tijd voor een tussenbalans.

Tekst en foto's Fokke Wester Trea Westra werd twee jaar geleden benoemd tot eerste Centrummanager van Drachten. Haar taak was duidelijk: zorg dat het vernieuwde hart van Drachten weer een bruisend centrum wordt, economisch en cultureel, zodat er meer bezoekers komen, die ook langer vastgehouden kunnen worden. ,,Dêrfoar is de útstraling fan de binnenstêd belangryk, mar ek it saamhorigheidsgefoel ûnder de ûndernimmers, de eveneminten dy't der hâlden wurde. Om dat foar de langere termyn klear te krijen, wie gewoan in fernijing noadich.'' Stjlisch En of Westra daarvoor nu verantwoordelijk is of niet, ze heeft gemerkt dat er een verschuiving gaande is. ,,Ast it byld fan twa jier lyn fergelikest mei no, dan is der dochs wol wat feroare. Sjoch marris om it karriljon hinne. Doe wienen de gevels noch wol wat suterich en it wie net ien gehiel. Stadichoan binne der in pear dingen bard. Besteande ûndernimmers ha harren gevels oanpakt, ketens dy't omfoelen binne ferfong troch ketens mei in eins noch bettere útstraling en dat besmet de oaren ek yn positive sin. Ast no ûnder it kariljon in rûntsje makkest, dan is it stijlisch. Dan krijst in moaiere doorkijk.'' Het hele Drachtster centrum heeft de laatste jaren een metamorfose ondergaan, met de heropening van de Vaart en de nieuwbouw van Lawei en Raadhuisplein als belangrijkste elementen. ,,Dat is hiel posityf, mar dan komt it der op oan wat de ûndernimmers sels noch dogge. Der binne noch in pear rare plakjes, mar as ik no troch de winkelstrjitte rin, dan binne der in hiel soad opknapt, nij kaam of ferhûze binnen Drachten. Dy Shoeby op it Raadhuisplein, dêr ha se echt de nekke mei útstutsen, dat is de earste yn Nederlân mei in nij konsept.'' Blurring Bij de presentatie van het Koopstromenonderzoek in Leeuwarden hoorde Westra laatst De Graancirkel genoemd worden als mooi voorbeeld van 'blurring', het combineren van verschillende branches. ,,Dat is de takomst. By Bas de Vries fan Elinga sjochst dy transformaasje ek, dy siket de gearwurking mei Bakkerij Boonstra. Hylke Breman, krekt twintich, stekt syn nekke út mei Puur. Dy stapt ek rêstich by oare ûndernimmers binnen om te freegjen oft se ek wat meiïnoar dwaan kinne. Ik fyn it moai dat ús eigen ûndernimmers soks oandoarre. Dy nije beweging moatte wy steune yn Drachten. Wy ha hjir wat in 'Wâldnetgehalte', altyd seure oer wat net goed is. Dêr komme wy ek net samar fan ôf.'' Bj een aantal gevestigde ondernemers heerst soms nog het oude denken. En dat geeft niks, zegt Westra, want die oude lokale ondernemers geven Drachten ook een eigen gezicht. ,,Drachten hat de measte eigen famyljebedriuwen fan Noard-Nederlân, de Beintema's, Blommen, Van der Zee's, oare plakken ha se ek in protte winkels, mar dat binne faaks allegear ketens. Ik bin hiel posityf oer alle ûntwikkelingen, mar net elkenien wol dat sjen. Der wurdt faak klage oer leechstân, mar dat is al in stik better wurden. Ik ha wol mei in pear makelaars praat. Op ien pand hongen wol trije posters, sels fan twa makelaars. Ik sei: wêr binne jim mei bezich? It boadskip is wol dúdlik, mar hoe mear as dêr de nadruk op lein wurdt, hoe negativer it byld yn de beleving fan de besiker. Want as ik dat al ha, dan in oar seker. Doe binne wy ek begûn mei it fullen fan de etalaazjes mei de posters fan 'Drachten wordt steeds mooier'.'' Vastgoedeigenaren Gevraagd naar een concreet voorbeeld van haar rol in de ontwikkelingen noemt Westra een bijeenkomst die ze vorig jaar organiseerde voor de vastgoedeigenaren van het Drachtster centrum. Dat zijn soms families die er lang geleden een zaak hadden, vaak zijn het dus oudere mensen op afstand. ,,Der binne wol san 60 ferskillende entiteiten dy't vastgoedbezit ha yn de binnenstêd fan Drachten. Dat is enoarm. Dy krijst net gau feriene, mar wy krigen der 30 by inoar foar in ontbijt by de Hema. Dy treffe inoar noait, mar ik ha se ferteld wêr't wy mei oan'e gong binne. Oer it plan foar de Stijlstad en sa. Ik sei: 'It is hiel ferfelend dat wy hjir in oantal fize pandsjes ha'. Binnen trije moanne wie it skjinner. Do moatst gewoan ferbining hâlde mei de eigners. It binne per kear mar lytse stapkes, mar ast nei in skoftsje weromsjochst, fernimst dochs dat der wat yn gong set is.'' ,,Ik bin fan net ien, ik bin fan Drachten'', zegt Westra tegen iedereen die haar verwijt dat ze namens de gemeente of de centrumondernemers optreedt. Dat verwijt kreeg ze bijvoorbeeld toen ze begon met haar jongste project, het plaatsen van gedichten op blinde muren in het centrum. Het eerste is vorige week verschenen op de muur van winkel De Steech in de Kerkstraat. Het gedicht zou eerst in de steeg naast de voormalige bioscoop, in de volksmond nog wel eens de Hûnesteech genoemd, maar die plek werd gekaapt voor het gemeentelijke project om kunst in een aantal stegen aan te brengen. Ze vond al snel een geschikte muur langs het fietspad achter De Graancirkel. Ze koos in overleg met Paulo Martina voor gedichten van Drachtster kunstenaar Evert Rinsema. ,,Want dy Rinsema's, Evert en Thijs, ha hiel belangryk west foar Drachten, foar DaDa en De Stijl. It gedicht giet oer frijheid en it past hjoeddedei noch likegoed as 100 jier lyn. Kinst it no sa tapasse op it frijwêzen en de flechtlingen fan tsjintwurdich. Yn'e Noarderbuert binne noch wol in pear moaie muorren. De stadskuiers fan it Museum kinne der aanst moai lâns.'' Markante punten Trea Westra zat samen met Museum Dr8888 ook achter het idee om de stoelontwerpen van Thijs Rinsema op groot formaat te maken. De eerste staat sinds enkele weken voor Museum Dr8888, nummer twee moet deze zomer klaar zijn en dan volgt nog nummer drie. ,,En wy binne al oer it neitinken wêr't dy komme moatte. Miskien wol oan de A7, want se binne echt ikoanysk. Dy gedichten en dy stuollen fan de Rinsema's kinne echte markante punten fan Drachten wurde.'' Westra kwam tussen de gemeente en de ondernemers te staan in de kwestie koopzondag, waar ze de vraag van de winkeliers doorspeelde naar het college, dat het verzoek vervolgens naast zich neerlegde omdat de kwestie voor vier jaar was bevroren in de coalitie-onderhandelingen. ,,Ik krij wolris wat tsjinstân fan ûndernimmers: 'wij betalen haar' hear ik dan. Ik neam mysels it semint yn bepaalde oerlizzen, mar myn rol giet folle fierder en djipper. En dat ful ik puer op gefoel yn'', legt Trea Westra uit. Ieder voor zich en Trea voor ons allen? ,,Ja, dat is it wol hast'', zegt ze lachend. Poco Dat geldt bijvoorbeeld voor de nieuwe centrumorganisatie, Platform Overleg Centrum Ondernemers (Poco), dat op den duur de rol van de verschillende verenigingen moet overnemen. ,,Dêr bin ik foarrich jier mei starten. Dat is in grutte útdaging, want dat wurdt in soarte fan fúzjetrajekt. Yn it Poco binne alle stakeholders feriene, de winkeliers, horeka, de kultuer, en ek de wethâlder sit der er by. It vastgoed noch net, mar dat soe eins wol moatte, want it Poco bepaalt de strategy foar de takomst. Dat Poco wurket oan in gesamelyke strategy foar een ekonomysk en oantrekkelyk sintrum. Yn dizze tiid, mei safolle ynstânsjes en oerheden dêrst mei te meitsjen krijst, moatst ergens foar stean. Dan moatst ek trochpakke kinne.'' Op de langere termijn zou Drachten best kunnen streven naar bijvoorbeeld de titel Binnenstad van Nederland, vindt Westra. ,,Wy moatte sjen nei de fierdere takomst. Wat wolle wy berikke, net no, mar oer in pear jier. Dan moatst in fokus ha, in rjochtpunt, oars brokkelt it samar wer ôf. It falt hiel gau werom op it âlde tinken. Dat is krekt itselde mei de minsken dy't dan wer sizze: Drachten is gjin stêd, it is in doarp. Dat is âld tinken. Mar dat hâldt fansels in kear op, de helte fan de minsken stroffelt der namelik al lang net mear oer.'' Goud voor Drachten De Stijl is goud voor Drachten, vindt de Centrummanager. Daarmee creëert Drachten een eenheid, die nog niet eerder in de stad zichtbaar is geweest. ,,Ik bin hiel bliid dat dat sa omearme is, mar der kin noch folle mear. Wy binne net om'e nocht twa jier lyn al begûn mei Drachten in Stijl. Doe wisten wy al, dit kin wat wurde, dit is de potinsje fan Drachten. Want hjir kin elkenien wat mei, mei dy kleurkes, mei it abstrakte. En it is echt, hin? It is net in motto dat betocht is troch ien, De Stijl is hjir echt begûn, dit is de oarsprong.'' Hoewel meer plaatsen op dit moment De Stijl claimen voor hun stadsmarketing, waaronder Den Haag en Leiden, begon het in Drachten vrij snel te lopen. Nadat museumdirecteur Paulo Martina op een introductiebijeenkomst voor de ondernemers uitleg gaf over De Stijl kwam Ruth de Jong van La Moda met haar plannen voor een modelijn en begonnen diverse winkeliers de Stijl toe te passen in gevels, etalages en producten. ,,Ik ha dy jûn fuort tsjin elkenien sein: hjir kinne en moatte jim op ynheakje. En it moat ek it sintrale punt wurde yn de marketing foar Drachten. Eins is dit in moaie kans om citymarketing op te pakke foar Drachten. Undernimmers, ynstellingen, skoallen en burgers, iederien pakt it op.'' Lykkisten ,,En dit is in ding wêrmei't Drachten oant yn lingte fan jierren wat mei kin. As wy it no goed oppakke, kinne wy der jierren mei foarút. Ik ha nul budget foar marketing, mar sjoch noris wat der bart. Oeral slacht it oan. Wykliks yn de kranten, ynternasjonaal al 320 publikaasjes, wat in wearde hat fan twa miljoen euro. Elke stêd siket om soks, en wy hawwe it no einlik fûn. As se no noch net sjogge dat dit it is, dan wit ik it ek net mear. Ik krij wykliks foto's fan ûndernimmers dy't der wat leuks mei betocht ha en sels partikulieren belje my der oer op. De Laatste Eer hat no sels lykkisten yn de Stijlkleuren, en roukaarten. Se fine it wat dreech om der reklame foar te meitsjen, mar wy ha al betocht om in dichtjûn te organisearjen, want DaDa heart ek by Drachten, en dêr kinst dan prima sa'n lykkist tentoanstelle.'' ,,Ik praat geregeld mei minsken fan bûten Drachten en dy fine it geweldich wat hjir allegear bart. En der is mear mooglik, bygelyks mei produktûntwikkeling. De Hema hat no al tompoucen yn De Stijl, Puur hat bonbons yn De Stijl, neam mar op. Foar de takomst leau ik hjir echt yn. Wy ha jierren op syk west nei it DNA fan Drachten. Jongens, it leit werklik op de Toerstrjitte. Kwartiermaker Westra begint nu formeel aan haar afsluitende derde jaar. Op papier staan er twee dagen voor haar functie als Citymanager. Daarnaast werkt ze wekelijks een dag voor het Nationaal Park De Alde Feanen en in september begint ze als kwartiermaker voor het nieuwe project Moedige Mensen in Smallingerland, waarvoor ze een dagdeel per week wordt ingeschakeld. ,,TEDx Fryslân kostet my ek in deidiel wyks, mar dat is frijwillich. Dêrnjonken sit ik yn hiel wat denktanks oer nije ideeën en projekten foar Drachten. Ik soe my ek ynsette kinne foar Kulturele Haadstêd, dêr bin ik wol foar frege, mar myn hert kloppet foar Drachten. Ik bin supergrutsk op Drachten, ik fyn gewoan dat Drachten dat fertsjinnet.'' Westra ziet de verandering in de koers wel zitten. Honderd jaar geleden zorgde De Stijl voor verandering, zestig jaar geleden zorgde Philips voor een nieuwe koers. ,,It is wer tiid foar in fernijing. Hûndert jier lyn rûnen se hjir foarop, wêrom soe dat no net wer kinne. Wy binne eigensinnich en dat sjochst hjir no ek werom. As wy sûnder marketingbudget soks realisearje kinne, dat is gewoan top. En dy eigensinnichheid hat noch folle mear potinsje. Ik kin der no noch neat oer sizze, mar der komme in pear hiel leuke inisjitativen op gong fanút ûndernimmers en ambachtsminsken, dy't meiïnoar nije dingen betinke. Se wolle mekoar helpe. It is latint oanwêzich, it hinget hjir yn'e loft. Wy moatte no soargje dat it de rûmte krijt. Oer in pear moanne kinne wy der mear oer fertelle.''

Auteur

Fokke Wester