Poppekastspul 'Tomke en it wûnderaai' yn bibleteek

Drachten

 OERTERP - Tomke komt tongersdei 15 juni nei de bibleteek Oerterp mei de poppekastfoarstelling 'Tomke en it wûnderaai' . Freed 16 juny is dizze foarstelling ek te sjên yn bibleteek Gordyk. 

De foarstelling, foar pjutten, mei Tomke yn de haadrol, wurdt spile troch Erics Poppenkast. Nei ôfrin fan de foarstellingkinne de bern mei grutte Tomke op de foto. De foarstelling wurdt spile yn de Fryske Foarlêswike. It doel fan dizze wike is foar te lêzen oan pjutten (2-4 jier) yn Fryslân om sa it aktyf brûken fan de Fryske taal te befoarderjen en it lêzen en foarlêzen yn de Fryske taal te stimulearjen. Yn dizze wike binne de bekende Tomke-boekjes ekwer te ferkrijen yn de bibleteek. Oanmelde foar dizze moarn kin per mail h.moen@bzof.nl, yn de bibleteek of per tillefoan 0513-461548.    

Auteur

Redactie