Ferdinand de Jong lêst foar by de Zonnestraal yn Fryske Foarlêswike

Drachten

 Fryske skriuwer Ferdinand de Jong hat fannemoarn in ferhaal fan Tomke foarlêzen oan de pjutten fan pjutteboartersplak de Zonnestraal yn Drachten.

De Jong die dat yn it ramt fan de Fryske foarlêswike. Dizze wike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de Tomke-wurkgroep. It Tomke-projekt stimulearret it lêzen en foarlêzen yn it Frysk oan lytse bern. It is elts jier de earste folle wike fan juny. Yn de foarlêswike wurdt der foarlêzen troch frijwilligers, Ferdinand de Jong is dêr ien fan. De skriuwer hie in pop fan Tomke meinaam foar it Pjutteboartersplak en fingerpopkes. Liedster fan de Zonnestraal: ,,Dizze meie wy hâlde, tige tank dêrfoar! Wy ha mei-inoar it ferske fan Tomke songen en wy ha lústere nei de ferhaaltsjes oer it swimbad mei de krokodil en oer it snertwaar! It wie hiel gesellicch." Foto's: Harry van der Linde

Auteur

Redactie