Priisútrikking ferhalewedstriid yn Museum Dr8888

Drachten

De priisútrikking fan de Ferhalewedstryd 2017, organisearre troch Skriuwersboun, Cedin en Friesch Dagblad, fynt plak op tiisdei 9 maaie, de middeis om fjouwer oere yn Museum Dr8888 yn Drachten. 

Neist in koarte ynlieding oer it tema troch museumdirekteur Paulo Martina oer ‘De Stijl’, sil de úteinlike rangskikking fan de seis priiswinners bekendmakke wurde. Foar de ferhalewedstryd dy’t alle jierren organisearre wurdt troch Skriuwersboun, Cedin en Friesch Dagblad wienen der 51 ynstjoeringen yn it Frysk en yn it Stellingwerfsk, ferdield oer in junior- (12) en in seniorkategory (39). Dit jier wie it tema ‘Gjin styl?!’. Dat ûnderwerp hie te krijen mei it feit dat it dit jier hûndert jier ferlyn is dat de Nederlânske keunstbeweging ‘De Stijl’ oprjochte is. De sjuery, besteande út Jetske Bilker, Paul van Dijk en Geart Tigchelaar, hat de útslach ûnderwilens fêststeld. Priiswinners By de folwoeksenen falle (yn willekeurige folchoarder) Jan Bijlsma (Jan-Pyt, Joris en Corneel), Tryntsje van der Veer (Oare streken) en Harmen Houtman (Niet langer wit...) yn de prizen. By de jongerein (ek yn willekeurige folchoarder) binne dit Lotte Herder (De oanslach), Michel Zuidema (De Bakstien) en Hiske de Boer (Depresje wurdt har dea).

Auteur

Redactie