Nije ynstekhaven op It Wiid feestlik iepene

EARNEWALD

 Fakânsjefierende wettersporters kinne mei harren eigen of hierde boat no noch makliker by hûs oanlizze. De ynstekhaven is hielendal finansierd troch de grutste ferhierorganisaasje op Bungalowpark It Wiid: Recreamax Verhuur.

De ynstekhaven is fan belang om de toeristyske ferhier fan bungalows te stimulearjen yn in part fan it park, dêr 't temin farwetter beskikber wie. De iepeningshanneling waard útfierd troch frijwilligers fan de KNRM, stasjon Harns yn it bywêzen fan wethâlder Smit fan Tytsjerksteradiel. De KNRM krige een sjek oanbean foar in nij oerlibbingspak foar it stasjon Harns. Ferskaat It is ûngewoan dat in ferhierorganisaasje ynvesteard yn de ynfrastruktuer op in fakânsjepark. Op Bungalowpark It Wiid ferhiert Recreamax Verhuur foaral in protte fakânsjewenningen oan de súdkant fan it park. Yn de ôfrûne perioade is allinnich op It Wiid mear as 500.000 euro ynvestearre yn de oankeap en refitalisearing en up-grading fan besteande rekreaasjewennings. Dermei is it oanbod fan 3 standert type fakânsjebungalows útwreide nei in tige ferskaat oanbod, weryn wettersport - en wellnesseleminten tafoege binne. Ek waard de ferbliuwskapasiteit ferromme. Der binne huzen te hier foar grutte famyljes en freonenclubs oant 20 persoanen. Ferskaat yn oanbod, mear lúkse en komfort binne nedich om fakânsjehuzen rendabel te hâlden. Meardere huzen waarden foarsjoen fan privee ynstekhaventsjes of langere stegers om ek de eigen float en hierfloat, meast sloepen, genôch de romte jaan te kinnen. Mei alle ynvestearings yn kwaliteitsferbettering fan de ôfrûne winter is Bungalowpark It Wiid/Recreamax klear foar it nije wettersportseizoen en trapet ôf mei in hiel goed beset Peaskewykein. Wethâlder Smit fan de gemeente Tytsjerksteradiel neamde it 'ûnferwacht' dat it inisjatyf fan de ynstekhaven fan Recreamax werklik en sa moai útfierd is. Hy hoopt dat it bydrage mei oan in positive ûntjouwing fan it toerisme yn Earnewâld en omkriten.

Auteur

Fokke Wester