Sera en Rosa zetten familietraditie voort met stem en zand

KORTEHEMMEN

Sera en Rosa van der Vijver zoeken de schijnwerpers op. Daarmee treden de zusjes in de voetsporen van hun ouders.

Tekst Fokke Wester Rosa (21) presenteert zich sinds drie jaar met succes als de Zandprinses. Daarmee volgt ze het spoor van haar vader Gert van der Vijver, die landelijke bekendheid verwierf als de Zandtovenaar. Sera (16) presenteert met de naar haar genoemde band vrijdag haar eerste cd. Ze hoopt straks na het Havo-examen op csg Liudger naar het conservatorium te gaan, net als ooit haar moeder Wia, om een bestaan in de muziek op te bouwen. Welk conservatorium het precies moet worden is ze nog aan het uitzoeken. ,,Us mem hat it konservatoarium yn Hilversum dien, mar dat is der net mear. Dat is no Amsterdam, mar dat fûn ik net sa. It liket my ek hiel leuk om nei it bûtenlân te gean, Nashville of sa.'' Van alles Rosa heeft nog niet echt haar richting bepaald, want ze zingt en danst ook en overweegt om een studie Psychologie op te pakken. ,,Ik sjong tegearre mei Sera yn de Extremeband yn de Betheltsjerke. Ik haw in jier Dansacademie dien, mar doe kaam ik der achter dat dat it dochs net foar my wie. It wie echt hiel pittich, net allinnich fysyk, mar ek mentaal, omdatst elke dei beoardield wurdst. Ik frege my echt ôf oft ik dat wol woe, want ik hie noch safolle oare dingen. En no't ik stoppe bin doch ik wer fan alles en dat is eins it allerleukste.'' Voor Sera is de keus simpeler. ,,Sjongen is echt myn ding. Mei sân haw ik hielendal neat. Ik haw it wolris prebearre, mar ik haw it geduld der net foar. Ik ha wol op dûnsjen sitten en op ballet, mar dêr bin ik mei stoppe doe 't ik it te drok krige mei it sjongen.'' Niet alleen zingt Sera in de Bethelkerk, sinds enkele maanden is ze ook de stem van de band Sera. Dat was eigenlijk per ongeluk en toevallig, legt ze uit. Rosa zong namelijk eerder met die band, maar ze vroeg Sera vorig jaar of zij met de groep op haar trouwfeest wilde zingen. 3FM En dat bleek meer dan leuk. Vervolgens schreef Sera voor de toen nog naamloze band een liedje en dat werd opgepikt in de Talentenjacht van 3FM-dj Giel Beelen (kijk hieronder voor het filmpje). Voor ze er zelf erg in hadden stonden ze bij de discjockey in de studio. Hij was het ook die de naam Sera voor de band bedacht. ,,Dat wie achterôf miskien net sa'n goed idee, want as ik allinnich sjong bin ik ek Sera. Ik skriuw wol de measte muzyk en teksten, mar wy bepale mei syn allen hoe't it klinke moat.'' ,,Sy hat myn band ynpikt'', zegt Rosa lachend. Dat ze niet echt rancuneus is, blijkt wel uit het feit dat ze op de cd meezingt als achtergrondzangeres. Als Sera haar zin krijgt blijft het daar niet bij. ,,Sy hat foar ús in fet moai ferske skreaun en wy skriuwe ek wol tegearre. Miskien dat wy oait ek mei syn twaën noch in cd opnimme, want ús stimmen 'blende' wol hiel moai en it is ek leuk om tegearre te sjongen.'' Bij de cd-presentatie zingen Rosa en Sera ook al samen met de band. ,,En ik sil der miskien ek dûnsje en ús heit en ik sille sânskilderje, dus it wurdt echt wer in miks fan alles.'' Junior Songfestival De beide meisjes en hun twee broers zijn opgegroeid met theater en muziek. ,,Us âlders ha ús altyd frij litten, mar wol hiel bot steund en motivearre om te dwaan wat wy leuk fûnen. Sy gienen froeger ek mei ús nei talintejachten, sa't oare âlders de bern nei swemmen of fuotbaljen bringe. Wy ferklaaiden ús thús yn prinsessejurkjes en betochten toanielstikjes dy't wy dan foar de oaren spilen'', vertelt Sera. Zij schrijft vanaf haar negende al eigen liedjes en stond op haar elfde in de finale van het Junior Songfestival 2011. Sera weet dat het lastig zal worden om in de muziek haar brood te verdienen, maar iets anders ziet ze zichzelf over tien jaar toch niet doen. ,,Ik hoech net hiel beroemd te wurden, mar ik wol wol graach yn de spotlights stean. In bestean as anonime studiosjongeres liket my neat, dêr wurd ik net gelokkich fan. Moatst dochs namme meitsje om it yn dat weareldsje te rêden.'' Niet opvolger Rosa wil zichzelf als Zandprinses niet de opvolger van haar vader noemen. ,,It is wol de bedoeling dat hy der sels ek noch in moai skoftsje mei trochgiet, mar úteinliks soe dat bêstris kinne. It helpt fansels ek wol dat ik syn dochter bin. Al wie't allinnich mar omdat mem fan ús beiden de manager is. As ien de Zandtovenaar ha wol mar dy kin net, dan freget mem oft se ek de Zandprinses ha wolle. Dat is wol fijn, want sa kom ik wol earder oan de bak. De konkurrinsje wurdt hieltyd grutter, want de lêste tiid komme der mear minsken dy't soks dogge. Ik profitear no noch fan syn bekendheid, mar ik ha wol myn eigen site en Facebookpagina, dus op in bepaald momint moat ik it dochs sels dwaan.'' Rosa begon vier jaar geleden met zandschilderen, toen ze op school voor het vak Kunst als eindopdracht een werkstuk moest maken. Ze maakte schetsen bij een liedje en met de lichttafel van haar vader werkte ze die vervolgens om tot zandtekeningen. ,,Dat haw ik hiel rêstich dien, it duorre wol in oere, dus om it yn dy fiif menuten fan dat ferske te krijen ha wy doe dat filmke hiel snel ôfspile.'' Kijk naar het filmpje onderaan het artikel. Stappen Rosa bedenkt het meeste zelf, maar ze heeft wel veel geleerd van haar vader, vertelt ze. ,,En hy jout my ek wol tips. Want it is net samar ien tekening, do moatst ek yn in oantal stappen nei in folgjende tekening tawurkje, sadat der in logysk ferhaal ûntstiet. Hy kin dat hiel snel, mei in pear fegen. It is de keunst om mei simpele bewegingen wat moais del te setten. It is lêstich om yn sân te tekenjen, mar hoe mear ast it dochst, hoe better en sneller as it giet.'' Rosa werkt vaak op maat, bijvoorbeeld voor bedrijven. ,,En soms hat hy in bepaalde tekening dan al earder makke en dy mei ik dan brûke. Hy hat alle sketsen bewarre. Sels meitsje ik no ek oeral foto's fan, want guon dingen komme dochs wol faker werom. Ik oefenje hjir faak, yn ús heit syn studio. Ik ha wol myn eigen styl, wat finer as dy fan him, wat leaver ek. Heit is mear fan de grutte beweging, ik sit wat mear yn de details. Wy ha wolris in tekening tegearre makke, elk oan in kant fan it skerm. It liket my prachtich om nochris in theatertour mei him te dwaan. Op mekoar reageare en sa.'' Geloof op 1 Beide meisjes zijn actief in de Bethelkerk, net als hun ouders. Ze ontmoetten er ook de andere bandleden van Sera, de broers Jeroen en Ruben Bruinsma en Sjouke Simon de Boer. Het geloof is dan ook een belangrijk onderdeel van hun leven, zegt Sera. ,,It leauwen stiet by my echt op nûmer ien en ik haw ek echt in relaasje mei God. Troch de Bethel ha wy ek in hiel soad kânsen krigen. Sa meie wy no gratis dy cd-release yn de tsjerke dwaan.'' Naast het zingen in de diensten houdt Rosa bij haar thuis in Beetsterzwaag wekelijks een gebedskring met jonge kerkleden. ,,Wy ha ús talint fan God krigen, dan meist der ek wat mei dwaan om oare minsken te berikken. Dat is net in ferplichting, mar wy fiele wol dat God dit op ús paad brocht hat.'' Toch waken de meisjes er voor om zich als gospelzangeres of christelijke zandprinses te profileren. ,,De bibel hoecht net yn elk ferhaal nei foaren te kommen. Do hoechst it net allegear sa letterlik te sizzen, kinst it ek oerbringe troch hoesto bist en hoesto dêr stiest. Ik tekenje fansels hiel faak de skepping dy't God makke hat, mar dan hoech ik him net te neamen. Ik nim it wol altyd mei en ik leau ek wol dat dat troch minsken hinne wurket. Mar minsken fine it net leuk asto it leauwen sa opdringst, it hoecht der ek net altyd oer te gean'', zegt Rosa. Eigen parochie Sera: ,,As ik yn in ferske oer You sjong, dan makket dat foar oaren net út oft ik no Jezus bedoel of in jonge. De ynspiraasje foar myn ferskes komt wol út eigen erfaringen, mar ik prebearje der wol altyd in positive boadskip yn te bringen. Ik wol ek net hiele kristlike ferskes skriuwe, want dan bliuwst al gau yn dat weareldsje hingjen. Stel dat ik wol yn dy Bethel- en EO-sfear bliuw, dan is dat net slim, mar it is net it plan. Ik wol der krekt bûten stappe, om dêr de minsken te berikken. '' Rosa: ,,Ik soe it wol jammer fine as wy yn dy sfear hingjen bliuwe, want dan berikst krekt net de minsken dyst berikke wolst. Dy leauwe al, dat is eigen parochy. En mei wat wy dogge kinst der krekt hiel goed bûten stappe.'' Sera brengt met de band nu een EP uit, een kleine cd met vijf nummers. Een liedje is een cover, de rest is eigen werk. Er liggen wel meer liedjes klaar, maar het maken van een 'plaat' is een dure grap, vertelt Sera. ,,Al it jild dat wy mei de band fertsjinne ha is yn de plaat sitten gien. Wy ha no trettjin nûmers skreaun, mar dan ha wy ek al fêst wat foar in folgjende cd. Moatst ek net yn ien kear alles fuort jaan. En stel datst trije ep's útbringst, dan kinst dêr wer in hiele cd fan meitsje.'' Groepsproduct De cd is een echt groepsproduct, benadrukt Sera. Naast de bandleden Jeroen Bruinsma (gitaar), zijn broer Ruben Bruinsma (drums/percussie) en Sjouke Simon de Boer (gitaar) wordt ook meegespeeld door Frank van Essen (viool), Jeroen van den Blom (toetsen), Andy Stuijfzand (bas) en Idols-finalist Tom de Visser (zang). Verder zingt ook zus Rosa mee. Zij zijn er ook allemaal vrijdagavond bij, wanneer vanaf half acht de cd wordt gepresenteerd in de Bethelkerk aan de Bolder in Drachten. Bij die presentatie is ook een optreden te verwachten van Zandtovenaar Gert van der Vijver. De EP is daarna te koop voor een tientje. ,,En twa foar 19 euro'', zegt Sera lachend. ,,Ik tink net dat wy der jild mei fertsjinje, mar it is in moai middel om reklame foar ússels te meitsjen.''

Auteur

Fokke Wester