Fljimsk mikst folk, libbenslieten en typkes mei magy en humor

DRACHTEN

Sjongers Griet Wiersma en Piter Wilkens spilen saterdei mei gûchelder Minze Dijksma yn de Lawei harren theatershow Fljimsk.

Foto's Harry van der Linde Yn it programma trede alle trije artysten solo op, mar se komme ek in pear kear tagelyk op it poadium of yn wikseljende kombinaasjes fan twa. Wiersma en Dijksma foarmen yn it ferline jierrenlang in trio mei komyk Teake van der Mear en neidat dy der mei stoppe ha se Piter Wilkens frege om in nij trio te foarmjen. Ek yn Fljimsk weagje de trije har oan typkes, lykas Japke Taksi.

Auteur

Fokke Wester