Bruin van der Duim zet daklozen in verf, inkt, frituurvet en bleekmiddel

URETERP/GORREDIJK

Hoe het schoonmaken van een frituurpan tot kunst kan leiden. Het is slechts één facet uit het bijzondere verhaal van de expositie (Z)onderdak van Bruin van der Duim (64).

Tekst en foto's Fokke Wester In Museum Opsterlân is tot en met 30 april de expositie (Z)onderdak te zien. De tentoonstelling met dertien schilderijen van beeldend kunstenaar Bruin van der Duim uit Ureterp, beelden in steen van Alie Popkema uit Bakkeveen en beelden in turf van Henk de Lange uit Gytsjerk, toont de rauwe werkelijkheid van onze moderne maatschappij. Bij de expositie horen drie lezingen en een workshop. Woensdagavond geeft Popkema in het kader van Internationale Vrouwendag een To-do-lezing, op 15 maart en 6 april komt Bruin van der Duim langs om te vertellen over zijn project (Z)onderdak en op 15 april verzorgt De Lange een workshop over beeldhouwen in turf. De drie lezingen zijn 's avonds vanaf acht uur, de workshop is 's middags van twee tot vier uur. Voor meer informatie en opgave kunnen belangstellenden mailen naar info@museumopsterlan.nl. Zonder plan De serie tekeningen (Z)onderdak van Bruin van der Duim is een goed voorbeeld van zijn werkwijze. Van der Duim, die naast zijn vak als beeldend kunstenaar twee dagen per week op Noorderpoort lesgeeft in marketing en communicatie, begint altijd zonder vooropgezet plan. ,,Ik doch wat, lit it los, noadigje minsken út om der wat mei te dwaan en dan sjoch ik wol wat der bart'', vat hij samen. ,,En mei grutte fernuvering sjoch ik alle kearen wer wêr’t it my bringt.’’ Hij maakte het eerder mee met zijn Nieuwe Weekkalender (Kalmaandag, Dansdag, Wensdag, Wonderdag, Wijdag, Schaterdag en Zindag), die hij in 2012 op Facebook plaatste. Binnen de kortste keren hadden meer dan een miljoen mensen die gezien. ,,Puer tafal. Omdat ik dat fak jou, moast ik fansels ek in website ha en ast in site hast, kinst der in Facebookside oan koppelje. Ik sette dy Nieuwe Week der op, want dy hie'k lizzen en ik ha echt mei ferbazing folge wat der doe barde. Doe't ik him letter as poster útbrocht seinen myn studinten: ho even, dat mei samar net, dêr sit auteursrjocht op. Woenen se net iens leauwe dat it myn eigen ûntwerp wie.'' Blind Date Ook (Z)onderdak begon onbedoeld. In dit geval ligt de start in het vrijwilligerswerk, dat Van der Duim samen met zijn vrouw al sinds 2012 twee keer per jaar doet in het dak- en thuislozencentrum Het Passion in het Gelderse Hummelo. ,,Myn frou hie der in advertinsje fan sjoen en sei: wy kinne dêr yn ús lange fakânsjes ek wolris wat dwaan. Wy binne der as in soarte fan blind date ynstapt, sa fan: lit mar ris sjen wat it ús bringt.'' De Passion is een grote boerderij, waar mannen terecht kunnen die in de maatschappij voor overlast zorgen en een time-out nodig hebben om hun leven weer op de rails te krijgen. Van de bewoners heeft 90 procent een verslavingsachtergrond, zegt Van der Duim. Ze krijgen er in zes tot acht weken de rust om uit te zoeken wat nodig is om weer een normaal leven te kunnen leiden. ,,It is in kristlike ynstelling mei in beheardersechtpear, profesjonele helpferlieners en in pear hûndert frijwilligers foar de begelieding, de fersoarging en it ûnderhâld. Elke wike is der in nije ploech frijwilligers, meastal fanút in tsjerke.'' Passanten Aan het begin van elke vrijwilligersweek is er voor de nieuwkomers een instructie, waarin nog eens wordt gewezen op de duidelijke regels. Zo heeft elke groep in De Passion zijn eigen plaats en privacy. Er is wel onderling contact en dat gaat vaak zelfs onverwacht diep, merkte Van der Duim tot zijn verrassing. ,,Wy binne mar passanten yn harren libben, nei in wike binne wy wer fuort. En krekt dat makket it mooglik om fan hert ta hert kontakt te hawwen. Wy binne net bedriigjend en sy hoege neat te ferbergjen. Wy feroardiele net en it hat gjin ferfolch, dus sy kinne wêze sa't se binne en wa't se binne en litte echt harren kwetsbere kante sjen.'' Wat Van der Duim het meest is bijgebleven uit al die verhalen is de flinterdunne lijn tussen een 'normaal' bestaan en een leven als dakloze. Een mens is zomaar uit zijn evenwicht, zegt de Ureterper. ,,Troch sykte, in ûngelok, traumatyske erfaring of bygelyks in skieding kin in minske samar út balâns reitsje. Mei drank of drugs der by rekkest al gau yn in fizieuze sirkel en as der dan ek noch skulden by komme, dan bist gewoan oan ‘e beurt. In hiel soad binne tagelyk dieder en slachtoffer. Ien man hie trije kear in harsenynfarkt hân, dy koe net mear prate en skriuwe. Hy hie in gewoan gesin, mar rekke wol hielendal yn’e war. In oarenien wie autistysk en geastlik mishannele. Sa’n opfangsintrum toant ek keihurd hoe’t ús maatskippij omgiet mei minsken dy't bûten de boat falle.'' Drugs Hoewel Van der Duim weet 'dat het iedereen kan overkomen', vreest hij niet voor zichzelf. ,,Ik sil noait sizze fan noait, mar ik tink it net. Myn basis is it leauwen en ik haw in protte goeie minsken om my hinne. It giet der ek wol om hoe sterk as dyn fûnemint is. Hoe giest om mei de problemen dy’t har oantsjinje kinne. Der spylje twa kanten mei: de rauwe kant fan it libben op strjitte, mei syn kriminaliteit, en de kwetsberheid fan de minske. Wy tinke mar dat wy oeral sels wol mei rêde kinne, mar ast ien kear it stjoer kwyt bist, dan wurdt it in kwestje fan oerlibjen. It binne beslist gjin domme minsken, der sitte ek slagge sakeminsken tusken en professoaren. De wil is der faak wol, mar de measten sitte wanhopich fêst oan de drugs. As se dêr komme moatte se foaral leare dat de striid oangean mear oplevert as der foar weirinne.’’ Voor de momenten voor zichzelf had Van der Duim zijn gitaar meegenomen en zijn tekenspullen. Toen hij op een dag buiten zat te schetsen, vroeg een van de bewoners of hij hem ook wilde tekenen. Dat kon en het portret leek zo goed, dat al snel ook de andere bewoners langskwamen om zich te laten portretteren. ,,En se woenen allegear it sketske hâlde. Ientsje woe de tekening ha foar syn mem, dy’t er al twintich jier net sjoen hie. Ik moast de skets nei har ta stjoere. Hy wist it adres net mear, dêrfoar moast er earst in nicht belje.'' Tekening as teken Van der Duim vroeg de man of hij er ook een briefje bij wilde doen. ,,Mar nee, dat woe er net. It wie foar him puer in teken fan libben oan syn mem, en dat rekke my. Dat portret hie foar him blykber in mearwaarde.’’ Een getekend portret is ook wel bijzonder, realiseert de Ureterper zich. Verschuilt een fotograaf zich achter een camera, een tekenaar moet zijn model aankijken en intensief bestuderen. ,,In tekening is ek in teken: ik ha dy sjoen en kontakt makke. It tekenjen wie ek hieltyd in momint fan gesprek, want it jout tiid en oandacht.’’ Van der Duim had van alle twaalf portretten een kopie gemaakt en besloot ze thuis verder af te maken. Tijdens het schoonmaken van de frituurpan kwam hij op het idee om met contrasterende materialen te gaan werken, om zo de rauwheid tot uitdrukking te brengen. ,,It fet fan de frituerpanne en it skjinmakwetter ferdroegen mekoar net en sa kaam ik op it idee om net allinnich inkt en ferve te brûken, mar ek frituerfet. Dêrnei haw ik de tekeningen ek noch bewurke mei bleekwetter. It fet en it bleekmiddel jeie de ferve fuort, de kleur begjint te pareljen en dy spatten en flekken jouwe in prachtige ruwe struktuer oan de tekeningen.’’ Het contrast in het materiaal verdiept de expressie van de tekeningen, stelt Van der Duim. ,,En sa komst tichter by de minsken. De oarspronklike skets wie de plattegrûn fan it gesicht, dat is no ynfuld.’’ Korte zin Onder elke 'kop' heeft de tekenaar een korte zin geschreven, die de persoon in een paar woorden voorstelt. ,,It binne allegear mannen mei dreamen, winsken, ferlangens, mannen dy’t harren gesin misse.’’ De mensen die hij heeft geportretteerd weten dat hij er wat mee wilde doen, maar het uiteindelijke resultaat krijgen ze niet onder ogen. ,,Ik wit fan dy minsken allinnich mar de foarnamme. Wy binne passanten foar mekoar en dat moat ek sa bliuwe. Dat is ek de ôfspraak op De Passion, wy folgje se net fierder. Dat jout ek in feilichheidsmarge. Moatst ek net de pretinsje ha om fierder in rol yn harren libben te spyljen, dêrfoar is de relaasje ek fierstente yngewikkeld.’’ Van der Duim vindt niet dat hij de ellende van een ander uitbuit, door er kunst van te maken. ,,De tekeningen hienen foar harren wearde, mar foar my as keunstner fansels ek. Ik doch it net foar de moaie praatsjes en ik fertsjinje der fierder ek neat oan, want alle opbringsten geane nei De Passion. Omdat ik myn baan der njonken ha, haw ik as keunstner de frijheid om kreatyf de rûmte te sykjen.’’ Later heeft Van der Duim aan de serie nog een dertiende portret toegevoegd. Daarvoor tekende hij een van de vrijwilligers van Het Passion. Het bijzondere aan die man was dat hij er eerder ook als dakloze had gezeten. ,,Dat portret is twa kear sa grut en it is it ienige dêr’t de persoan hielendal op stiet. It is net minder rau, mar der sit fansels wol in oare tekst by.’’ Op reis Van der Duim had geen idee wat hij met de dertien kunstwerken zou doen. ,,Soks hingest net boppe dyn bêd en ik woe se ek net ferkeapje.’’ Om te kijken hoe toeschouwers er op zouden reageren hing hij de collectie op tijdens de Kunstmarkt Opsterland. ,,En omdat der tekst yn de tekeningen stiet, krige ik fragen út it publyk. En dan moatst der oer prate. Doe kaam ik op it idee om de portretten op reis te stjoeren, om sa it ferhaal fierder te fertellen.’’ Op Facebook presenteerde hij de serie en nodigde hij belangstellenden uit om de kunstwerken onderdak te geven. De afgelopen twee jaar is de serie al acht keer geëxposeerd, bijvoorbeeld vorig jaar in Sûnenz in Drachten. Net als nu in Museum Opsterlân in Gorredijk stelde Van der Duim elke keer als voorwaarde dat hij ook lezingen over het daklozenproject mocht geven. ,,Se ha ek wol yn tsjerken hong en dan waard der sels oer preke. Der binne ek safolle bibelferhalen dy’t mei dizze tekeningen ferbûn wurde kinne: nim allinnich mar de ferlerne soan en de barmhertige Samaritaan. Hoe geane wy om mei dy minsken, jouwe wy se ek in twadde kâns? Sa wurdt it net allinnich in eksposysje, mar ek in maatskiplik projekt. Ik lit it los en fyn it moai om te sjen hoe’t it no fierder rint.’’ Pauperparadijs Deze zomer zijn de schilderijen te zien in Veenhuizen, wanneer daar opnieuw Het Pauperparadijs wordt opgevoerd, maar een boer die de tentoonstelling in zijn schuur wil laten zien is ook welkom, zegt Van der Duim. ,,It projekt is noch lang net klear. Krekt oarsom, it wurdt hieltyd aktueler, no’t de ferskoppelingen út oare lannen oan ús grinzen steane. Wy binne geneigd om de oare kant op te sjen. Dat sjochst ek by de ferkeapers fan De Riepe, dy sjogge wy leaver mar net oan.’’ ,,Wy libje yn in ôfrekkenkultuer: ast net meidochst sa’t wy wolle, hoepelje dan mar op. Mar as wy der net goed mei omgeane, wurdt it probleem allinnich mar grutter. De Passion seit: elkenien fertsjinnet in twadde kâns. En in tredde. As it net fuort slagget, meist in oare kear werom komme. Wy kinne net langer fuortsjen, wy moatte der op reageare. Dat is foar my de reade tried yn it libben.’’

Auteur

Fokke Wester