Bazaar yn Eastermar foar World Servants

Drachten

Op saterdei 11 maart is der in bazaar yn de Hege Stins yn Eastermar. It begjint om 16.00 oere.

Der binne spultsjes, sa as ‘het geluid’ en oud-Hollandse spellen, der wurde ûnder oare boeken, DVD’s en planten ferkocht en der is in restaurant en koffie corner. Jo kinne moaie priizen winne. Om 17.30 wurdt der in ferlotting hâlden fan moaie priizen. Dizze feestdei wurdt om 18.00 oere ôfslúten mei in grutte feiling. Fruitbeammen, streekprodukten, workshops en oare moaie kavels komme ûnder de hammer. De opbringst fan de bazaar en feiling is foar World Servants Eastermar, dy’t hjirmei de lêste aksje op it doarp hâldt foar it bouprojekt fan in sikehûs yn Zambia.

Auteur

Redactie