27e Rottefalster Ferteljûn

Drachten

Yn de Herberg van Smallingerland wurdt woansdei 8 maart fanôf 20.00 oere de 27e Rottefalster Ferteljûn hâlden.

Sa as altyd is der wer in tema. Dat jildt foar de earste omgong en is net ferplicht. Dus dat mei gjin drompel wêze. It iene ferhaal hellet it oare út. Dat is de funksje fan de stamtafel. En ek al komme jo allinnich mar om  te harkjen dan makket net ien der in punt fan. It tema is Apart. En wa is dat net?  Wysels wolle mooglik net tefolle opfalle mar wy wolle ek net folslein ûngemurken ús libben slite. En der binne guon dy't it slagget oeral teater fan te meitsjen. Elk kent der wol in stikmannich. En dat levert ferhalen op. Ferhalen dy't ferteld wurde moatte.  

Auteur

Redactie