Op 'e nij Bigoun spilet blijspul In Saaklike Affêre

Drachten

(SM.) - Toanielferiening Op 'e nij Bigoun út Aldegea spilet it blijspul In Saaklike affêre fan Alan Ayckbourn.

De útfierings binne freed 3 en sneon 4 maart, en freed 10 en sneon 11 maart. Alle jûnen om 20.00 oere yn ‘e Skippersseal yn Aldegea, Smellingerlân. De oarspronklike titel fan it stik is:  How the Other Half Loves. Fryske oersetting troch Baukje Stavinga. Leagens hawwe koarte skonkjes Bouwe hat in slûperke makke mei Fokje, de frou fan syn baas. As harren echtgenoaten nitelige fragen stelle, betinke se gau in aliby. Bouwe wie by Willem en Fokje by Maaike. Oant sa fier neat oan ‘e hân. Mar dan komme Willem en Maaike ynienen hiel gesellich op besite. En dan is it: rêde wat der noch te rêden falt… In saaklike affêre is in ûnwjersteanbere geastige relaasjekomeedzje, wêryn’t de perikelen fan trije echtpearen op in orizjinele manier mongen wurde. It libben fan in echtpear is soms wrakseljen om te oerlibjen mar op it ein komt elkenien wer boppe driuwen. De skriuwer Alan Ayckbourn is in Britske komeedzjeskriuwer. Hy skriuwt alle jierren in nije komeedzje. Hy lit him yn dit stik fan syn meast humoristyske kant sjen en dat moat wol in net te missen foarstelling wurde. De rezjy is yn hannen fan Arnold Dijkstra.   Kaarten Foarferkeap kaarten by Handelsonderneming JDV (Sânbuorren 1) till. 0512-372387.  Foar ynfo kinne jo kontakt opnimme mei de foarsitter fan de toanielferiening: Bartele de Boer, till: 06-51343333.  Thússide: www.op-e-nij-bigoun.nl

Auteur

Redactie