Douwe Kootstra en Iris Rusz in De Pleats

Drachten

 Douwe Kootstra en Iris Rusz fertelle ferhalen en spile muzyk yn De Pleats yn Burgum op woansdei 8 februari om 20.15 oere. 

In hiele bysûndere jûn fol ferhalen, muzyk en feiten oer ien fan de ferneamste samlers fan folksferhalen út Nederlân: .Dam Jaarsma. De betûfte ferteller Douwe Kootstra lit prachtige priuwkes hearre út Jaarsma syn enoarme skatkiste fol fan de meast nuveraardige folksferhalen út Eastlik Fryslân. Iris Rusz fan Stichting Dam Jaarsma jout yn wurd èn byld op oansprekkende wize ynformaasje oer dizze singeliere Eastermarder. As ôfwikseling sjonge Sytse Wilkens en Ate de Boer in tal teksten fan Jaarsma. Se ha se spesjaal op muzyk set. It gedicht Allinne op harren muzyk, soarget bygelyks foar pikefel. De muzikanten, mei kontrabas en gitaar, litte ekoar esankjes út 'e Fryske Wâlden hearre. Reserveren op www.cultuurindepleats.nl.

Auteur

Redactie